Parkeigener Hipke stapt út Waadhoeke Resort: "Zes jaar aan het lijntje gehouden"

Marco Hipke praat mei ynwenners fan Menaam yn 2021
Marco Hipke praat mei ynwenners fan Menaam yn 2021 © Menaam Us Doarp
Rekreaasje-ûndernimmer Marco Hipke lûkt him werom út it projekt Waadhoeke Resort, no't de gemeente syn yntegriteit ûndersykje wol. "Mijn vertrouwen in de gemeente is nul", seit Hipke.
De direksje fan it rekreaasjepark by Menaam wurdt tydlik oernaam troch ûndernimmer Pieter Klapwijk.
Yn in mail oan Omroep Zilt seit de 55-jierrige eigener fan it eardere Schatzenburg dat er "zes jaar aan het lijntje is gehouden" troch de gemeente Waadhoeke. "Ik heb in het belang van mijn gezondheid dan ook besloten dat ik niet verder kom met deze gemeente en het in het belang is van alle betrokkenen als ik me terugtrek."

Bibob-ûndersyk

It beslút fan Hipke folget op de gemeentlike beslissing om de ûndernimmer mei in Bibob-ûndersyk troch te ljochtsjen. De gemeente liet foarige moanne witte dat se sa'n ûndersyk útfiere wolle foardat it bestimmingsplan Waadhoekerhout al of net ta ynsjoch lein wurdt.
Earst moat der sekerheid wêze oer de betrouberheid fan de ûndernimmer. Wat it plan oanbelanget, hat de gemeente twivels oer de finansjele helberheid.
Wethâlder Jan Dijkstra
Wethâlder Jan Dijkstra © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Koart dêrfoar noch, op 30 novimber, hie wethâlder Jan Dijkstra oan Hipke witte litten dat der foar de ein fan it jier in definityf 'ja of nee' komme soe foar rekreaasjeplannen.
"Dus er was toen geen sprake van dat ze pas in 2024 een beslissing nemen", seit de parkeigener. "We hadden volgens Dijkstra nu al lang genoeg moeten wachten."
De Bibob-toets, wêryn't syn finansjele 'handel en wandel' ûndersocht wurdt, wol Hipke net mear ôfwachtsje. "Met de kennis van nu durf ik te zeggen dat wij al deze tijd gigantisch in de maling genomen zijn en dat de gemeente ons doorlopend heeft voorgelogen."

Juridyske striid

Marco Hipke naam yn maaie 2016 de eardere camping Schatzenburg oer. Mei de gemeente tekene er yn 2018 in yntinsjeferklearring oer de ûntwikkeling fan Schatzenburg ta in nij rekreaasjepark.
It ûntwerp fan it resort Waadhoekerhout ymponearre de gemeente mei in soad grien en wetterpartijen, rekreative foarsjenningen en duorsume fakânsjehúskes.
Untwerp fan Waadhoeke Resort troch advysburo CGC
Untwerp fan Waadhoeke Resort troch advysburo CGC © CGC
Dêrfoar moast der wol earst oarder op saken steld wurd op it terrein. Sa wie de gemeente doe noch ferwikkele yn in juridyske striid mei it bedriuw Grondnet oer de lûdswâl by de A31.
Hipke waard foarsteld om de lûdswâl en it 17 bunder grutte efterlân te keapjen en mei te beteljen oan in skeafergoeding oan Grondnet. Neffens him hie de gemeente yn ruil dêrfoar tasein dat se fluch it bestimmingsplan wizigje soenen.
Ik vertrok met een gevoel of ik hier nu net gepiepeld of gek geworden was.
Marco Hipke
"Uiteindelijk is het me ook gelukt en kon ik de gemeente melden dat ik een deal had." Dat wie yn it neijier fan 2020. Mar yn in ferfolchpetear mei de gemeente blykt boargemaster Waanders neat witte te wollen fan it meiwurkjen oan in bestimmingsplan.
"Ik vertelde nog dat ik hier niets van snapte", seit Hiske. "De gemeente heeft mij kort voor de verwerving van het achterland nog bevestigd dat de afspraak nog van kracht was. Ik vertrok met een gevoel of ik hier nu net gepiepeld of gek geworden was."
Wol nimt er op advys fan de gemeente in yngenieursburo, Bügel Hajema, yn 'e earm om in bestimmingsplan te meitsjen. Dat soe him allinnich al oan adviseurs trije ton koste hawwe. Op fersyk fan de gemeente lit er it troch de FUMO ôfkarde iepenloftswimbad ôfbrekke.
Sloop fan it eardere iepenloftswimbad Schatzenburg
Sloop fan it eardere iepenloftswimbad Schatzenburg © Waadhoeke Resort
Ofrûne maitiid wie it bestimmingsplan dan lang om let klear, mar it leit yntusken noch hieltyd net ta ynsjoch. Earst waard lang wachte op advys fan de provinsje. No wol de gemeente noch in folslein Bibob-ûndersyk dwaan litte, om't se net genôch ynsjoch hawwe soenen yn de jildstreamen.
Hipke bestriidt dat. Neffens him is der in rapport opsteld troch fêstgoedadviseur Cushman & Wakefield, hat syn accountant in saneamde COS 3400-ferklearring ôfjûn en is alles finansjeel ûnderboud.
Wa't de groep ynvestearders is, wol er net sizze. Wol dat it sawol persoanen op it hjoeddeiske park wêze soenen, as ynvestearders dy't "vanwege privacyredenen niet met naam en toenaam genoemd willen worden".

Gjin folslein byld

Yn in reaksje werhellet de gemeente har oerwagings om in Bibob-toets út te fieren. Yn it koart: der is gjin folslein byld fan de finansjele situaasje.
Foar it plannen fan sa'n grut projekt is it normaal dat it tarieden dêrfan meardere jierren duorret en in soad soarchfâldichheid fereasket, seit in wurdfierder. "Dat is een samenspel tussen gemeente en ontwikkelende partij."
Kaartje plak Waadhoeke Resort
Kaartje plak Waadhoeke Resort © Omrop Fryslân
De gemeente befêstiget dat se ôfrûne jier tasein hienen om Hipke noch foar de ôfrûne krystdagen dúdlikheid te jaan oer it bestimmingsplan Waadhoekerhout. Mar dy dúdlikheid - sa wol de gemeente ûnderstreekje - is wol deeglik jûn mei it kolleezjebeslút op 12 desimber foar it útfieren fan in Bibob-toets. "Hipke is hierover direct persoonlijk geïnformeerd door wethouder Dijkstra."

Werstrukturearje

Undernimmer Pieter Klapwijk út Amsterdam nimt yn elk gefal it hiele projekt oer, no't Hipke him weromlûkt. Klapwijk hat oankundige de direksje fan Waadhoeke Resort útwreidzje te wollen en him benammen dwaande te hâlden mei werstrukturearring. Ynkoarten sil de gemeente mei Klapwijk om tafel om fierder yn 'e kunde te kommen.
Mei it opsetten en werstrukturearjen fan bedriuwen hat Klapwijk in soad ûnderfining mei syn ûndernimming Trimoteur. Ek is er in sakepartner en goeie freon fan Geert D., de fêstgoedûntwikkeler dy't in wichtige rol spile hat yn it oernimmen fan it park troch Hipke yn 2016.
D. waard yn 2022 yn in oare saak feroardiele foar fallisemintsfraude en wytwaskjen. Yn 2012 gie syn wrâldwiide fêstgoedympearium La Perla fallyt. Dat ympearium bliek in soarte fan piramidefûns te wêzen. Yn dy saak hie Klapwijk it persoanlik fallisemint fan D. oanfrege.