Foto's ferbean: Frysk kollektyf Glitch wint priis op Popgala Noord

Glitch
Hanna van Koldam (links) en Annemarie Venema © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It kollektyf Glitch dat ûnder oare klupnachten organisearret foar de queermienskip yn Fryslân is dit jier de iennige Fryske priiswinner op it Popgala Noord yn Grins.
Oan de foarjûn fan it Eurosonic-Noorderslag-festival binne der yn totaal sân prizen útrikt, ûnder oare foar talint, artyst, poadium en festival fan it jier. Glitch wûn yn de kategory bêste ynklusive inisjatyf.
Priisutrikking op it poadium fan Popgala Noord
Priisutrikking op it poadium fan Popgala Noord © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Hanna van Koldam en Annemarie Venema fan Glitch binne út de skroeven mei de priis. "We binne hartstikke bliid dat we dit wûn hawwe. It is in erkenning fan wat wy it ôfrûne jier dien hawwe", seit Van Koldam.

Foto's binne ferbean

"We organiseren interdisciplinaire clubnachten en proberen daarbij een safespace te creëren", seit Venema.
By de eveneminten is it net tastien om foto's of fideo's te meitsjen. "Als je binnenkomt, plakken we stickers over je telefoon, zodat je kunt zijn wie je wilt zijn."
Glitch wint award by Popgala Noord
"Ze hebben een bepaalde energie over zich, wat ongekend is", seit sjueryfoarsitter Joey Ruchtie. "Ze staan ergens voor wat heel actueel is, ook onder jongeren."
De faksjuery wie unanym. "Ze staken met kop en schouders boven de andere kanshebbers uit. Eigenlijk was er weinig discussie over."

Erkenning

Neffens Annemarie Venema fan Glitch is it belangryk om sjoen te wurden, want yn Fryslân is der net in soad te dwaan foar LHBTI+-ers.
"Dat is heel jammer. We krijgen best wel veel terug van de mensen die naar onze feestjes en andere evenementen komen: het is zo fijn dat jullie er zijn, want er is eindelijk iets waar ik een soort van 'chosen family' kan ontmoeten en kan vinden, ongeacht wat ik vind of wie ik wil zijn."