Boargemaster De Fryske Marren ferromme oer spriedingswet: "No witte alle gemeenten wêr't se oan ta binne"

Fred Veenstra boargemaster
Fred Veenstra boargemaster © Omrop Fryslân
Fred Veenstra fan de Vereniging van Friese Gemeenten is bliid dat der in mearderheid fan de Earste Keamer foar de spriedingswet is. "Hjir hawwe alle gemeenten yn Nederlân ferlet fan."
Mei de wet moatte asylsikers earliker oer it lân ferdield wurde. Fryslân fangt no al in soad fan harren op, provinsjes as Noard- en Súd-Hollân dogge minder.
Veenstra, dy't ek boargemaster is fan de gemeente De Fryske Marren, is optein dat de wet der no troch liket te kommen. "No witte alle gemeenten wêr't se oan ta binne."

'Sjen nei de kommende jierren'

"As je de noarmen fan de spriedingswet by alle Fryske gemeenten by elkoar optelle, dan sjochst dat we yn Fryslân op dit momint mear dogge as fan ús frege wurdt op grûn fan dy wet", stelt Veenstra.
"Mar de kommende jierren sil der fansels wol it ien en oar feroarje", giet hy fierder. "De kontrakten rinne ôf, krisisneedopfang hâldt op. Wy sille ús wol besinne moatte oer wat der oer in pear jier barre moat. Foldogge we dan noch wol oan de noarm?"
Gemeenten moatte harren realisearje dat der wol in noarm ûnder leit, dat it de kommende jierren net mear op basis fan frijwillichheid kin
Fred Veenstra fan de Vereniging van Friese Gemeenten
Op it Fryske fêstelân hawwe op dit stuit allinnich de gemeenten Dantumadiel, Eaststellingwerf en Weststellingwerf gjin asylopfang. Dat is no noch gjin probleem, want gemeenten kinne ek yn provinsjeferbân beslute om de opfang yn bepaalde gemeenten te konsintrearjen.
"Mar wat my oanbelanget, moatte de gemeenten harren realisearje dat der wol in noarm ûnder leit, dat it de kommende jierren net mear op basis fan frijwillichheid kin", seit Veenstra.
"Der binne yn Fryslân in hiel soad gemeenterieden dy't sizze: dit dogge we. Dat jout hoop", sa seit Veenstra oer de gemeenten dy't al asylsikers opfange. "De oaren kinne mei dizze wet net langer 'nee' sizze."