Soepboer sprekt yn syn earste speech de Keamer ta yn it Frysk: “Omdat ik jo help nedich haw”

Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer
Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer © ANP
"Te lang ha minsken yn de regio yn it skaad fan Den Haag libbe", sei NSC-Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer fan Nijewier yn syn maidenspeech. Hy rôp tiisdeitejûn op ta mear omtinken foar taal en de regio.
It Frysk hie in grutte rol yn de earste speech dy't er yn de Keamer hold. "Omdat ik jo help nedich haw", sa ferklearre Soepboer yn relaasje ta it Frysk.
"Als ze in Nieuw-Zeeland een 'Haka' kunnen doen, dan vindt u het vast niet erg als ik een paar woordjes in het Fries tot u richt."
It begjin en ein fan de speech wiene yn it Frysk. Nei de tolve minuten dy't er sprekke mocht, waarden der stinsels útdield mei de Nederlânske oersetting fan it ferhaal.
"Ik fûn it te gek", wie syn earste reaksje nei de tiid. "Ik haw echt besocht it Frysk der in goed plak yn te jaan."

Taal yn it ûnderwiis

Net allinnich wiene de earste en lêste sinnen yn de twadde Rykstaal, ek makke Soepboer him hurd foar it Frysk yn it ûnderwiis. Syn maidenspeech fûn nammentlik plak yn it debat oer de begrutting fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.
Soepboer by syn maidenspeech yn de Twadde Keamer
Soepboer by syn maidenspeech yn de Twadde Keamer © Tweede Kamer
Soepboer joech oan dat fan de Fryske jongelju in grut part analfabeet is yn de eigen taal, as it giet om it Frysk praten en skriuwen. Neffens him komt dat omdat de taal net genôch brûkt wurde mei en kin.
Hy lei de parallel mei de tastân en takomst fan it Nederlânsk op de skoallen. "Als wij niet in staat zijn de noodzaak van het goed gebruiken van de taal te waarborgen, kunnen wij hem afschrijven."
Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer
Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer © ANP
Dêrom rôp hy op it Frysk deselde grûnwetlike beskerming te jaan as it Nederlânsk. Op syn beurt joech er oan opkomme te sillen foar oare talen as it Jiddysk, Papiamintsk, Limboarchsk of sels it Nederlânsk. "Want ik zeg het u, ook daarvan is de toekomst niet zeker."

Kultuer en regionale ynstek by de media

Tagelyk wol er mear gelikensens tusken Rânestêd en regio. As foarbyld naam er de ferdieling fan kultuerjilden. "Dat giet no gewoan skeef." As foarbyld helle Soepboer it operaselskip Opera Zuid oan, dy krijt 5 persint fan de subsydzje wylst 80 prosint nei Amsterdam giet.
Op it mêd fan media fynt Soepboer it ek wichtich de lokale en regionale ynfalshoeke te behâlden.
Hy neamt it in goede saak dat lokale, regionale en lanlike media gearwurkje. "Ik fyn it echt wichtich dat ek it regionale nijs by minsken yn de keamer komt."