De spriedingswet komt der: VVD yn de senaat wól akkoart

De flagge kin út by demisjonêr steatssekretaris Eric van der Burg
De flagge kin út by demisjonêr steatssekretaris Eric van der Burg © ANP
In mearderheid fan de Earste Keamer is akkoart mei de spriedingswet. De VVD-fraksje jout stipe oan de wet. Dat wylst de VVD yn de Twadde Keamer der net foar is.
De wet waard yn oktober al oannaam yn de Twadde Keamer, mar de kâns wie dochs noch grut dat de senaat it foarstel fan demisjonêr steatssekretaris Eric van der Burg fersmite soe.
De VVD yn de Twadde Keamer wie tsjin, benammen om't de wet neffens de fraksje neat feroaret oan de ynstream fan asylsikers. Ek hie de fraksje noed oer de gemeentlike autonomy.

Senaat-VVD kiest oars

Mar de VVD yn de Earste Keamer hat mear begryp foar it stânpunt fan Van der Burg, dy't sels ek VVD'er is. Neffens him is de opfang net lyk genôch ferparte oer it lân en soe it Ryk mooglikheden hawwe moatte om yn te gripen. In spriedingswet soe dêrfoar in solidêre oplossing wêze, is hy fan betinken.
De situaasje by oanmeldsintrum Ter Apel is ûnhâldber, fine in soad politisy
De situaasje by oanmeldsintrum Ter Apel is ûnhâldber, fine in soad politisy © ANP
It wie al langer dúdlik dat GrienLinks, D66, CDA, SP, Denk, Partij voor de Dieren, ChristenUnie en Volt foar de spriedingswet stimme soene. Dêrmei soene 50PLUS en OPNL in krúsjale posysje hawwe.
Troch de opfallende set fan de VVD yn de senaat is harren stipe lykwols net mear nedich. In romme mearderheid is no foar de wet.
PVV-lieder Geert Wilders is dúdlik net te sprekken oer de VVD-stipe. "Mijn hemel", skreau hy yn kapitalen op sosjale media.

Ynset op febrewaris

It útgongspunt fan dy wet is dat it oantal asylsikers better oer Nederlânske gemeenten ferparte wurde kin, as it nedich is sels mei twang. De bedoeling is dat de nije regels op 1 febrewaris al yngeane.

Fryske gemeenten

De Vereniging van Friese Gemeenten (VFG) hat al skoften noed oer de asylkrisis. Foarsitter Fred Veenstra (ek boargemaster fan De Fryske Marren) joech oan de kabinetsfal fan ôfrûne simmer net goed te finen foar it lân. Dat hie ek te krijen mei de spriedingswet, dy't dêrtroch fertraging oprinne koe.
Veenstra sei doe dat "wy as gemeenten yn Noard-Nederlân wol hiel bot ús bêst dogge", wylst dat net yn alle parten fan it lân sa wêze soe. Hy ferklearre earder al dat de grinzen yn Fryslân ek wol sa'n bytsje berikt binne, wat mankrêft en lokaasjes oanbelanget.
Yn Fryslân hawwe op dit stuit allinnich de gemeenten Dantumadiel, Eaststellingwerf en Weststellingwerf gjin asylopfang. Dat jildt ek foar de Waadeilannen, mar dy binne fanwege de grutte krapte oan wenromte frijsteld om asylsikers ûnder te bringen.