Pauguozzen ferjeie om lânbouskea foar te kommen kin net mear út

In paugoes bûtendyks
In paugoes bûtendyks © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De wize wêrop't besocht wurdt om lânbouskea foar te kommen fan de 500.000 pauguozzen dy't yn Fryslân oerwinterje, kin eins net mear út.
Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Ecologie, dat meibetelle is troch Provinsje Fryslân.
Yn Fryslân mei der mei beheiningen op de pauguozzen sketten wurde om se te ferjeien, mar der wurde ek wol oare middels brûkt. De bedoeling is dat de guozzen 'leare' om har te ferpleatsen nei spesjale opfanggebieten, ek wol akkommodaasjegebieten neamd, dêr't aparte ôfspraken makke binne mei boeren oer in skeafergoeding.
In paugoes yn frije flecht
In paugoes yn frije flecht © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Bûten dy opfanggebieten leit dat oars. Omdat der safolle pauguozzen binne, ferspriede je de skea troch it ferjeien ek oer oare greiden bûten de opfanggebieten. Omdat sy mear fleane moatte, ha se mear enerzjy nedich en frette sy ek nochris mear.

Wol skea, gjin fergoeding

Neffens de ûndersikers liedt dat ta folle mear taksaasjekosten by skea, wêrby't it ek nochris de fraach is oft it minimumbedrach dat útkeard wurdt, wol helle wurdt.
Yn sa'n gefal hawwe je wol skea, mar gjin fergoeding. Dan kinne je de guozzen better sitte litte. It ferjeien fan in lytsere populaasje guozzen kin wol út, mar dêr hat de kondysje fan dy guozzen dan wol in soad fan te lijen.
ANP Pauguozzen yn 'e greide
Pauguozzen yn 'e greide © ANP
It ûndersyk is mei útfierd troch Monique de Jager, dy't foar de Universiteit Utrecht wurket. "Uit het model blijkt dat het het beste werkt, om de ganzen zo min mogelijk te verjagen en zo min mogelijk accommodatiegebied te hebben. Als je ze niet verjaagt, heb je ook eigenlijk geen accommodatiegebied meer nodig, want dan accommoderen ze overal."
Dit liedt net ta mear skea, seit De Jager. "Juist niet, want ze bezoeken steeds dezelfde plekken, omdat ze daar het gras zelf kort kunnen houden op de juiste hoogte. Ze weten nog waar die plek is en dan kunnen ze na verloop van tijd, als ze weten dat het gras weer hoog genoeg is, terugkomen op die plekken."
Guozzen ôfsjitte om de skea te beheinen, is neffens De Jager net mooglik. "Met het huidige beleid kun je niet de ganzenaantallen verminderen, want het is een beschermde diersoort."