HEA! Hynstekeuring 2024 troch de eagen fan in fokker: "Dit kin eins net sa"

Dit is de dei fan Tsjalling de Boer
Hynstefokker Tsjalling de Boer fan Sint Jânsgea hie by de ôfrûne hynstekeuring mar leafst seis hynsten yn de ring. Omrop Fryslân wie de hiele dei by him.
Wylst Tsjalling moarns mei de earste hynsten yn de ring ferskynt, komt syn partner Gerda Nota mei de twadde lichting yn de karre nei Ljouwert ta. Der is hiel wat oan foarôf gien om de bisten yn topfoarm te bringen foar de keuring.
En dan is it ôfwachtsjen hoe't de hynsten prestearje en wat de sjuery der fan fynt. Soe der dit jier wer in kampioen tusken sitte of rint it dochs út op in teloarstelling?