Mikey Martins út Ingelân wurdt nije direkteur fan Oerol

Mikey Martins, de nije direkteur fan Oerol
Mikey Martins, de nije direkteur fan Oerol © Nichon Glerum
De Ingelskman Mikey Martins wurdt de nije direkteur fan it festival Oerol op Skylge. Omdat Martins pas yn maaie begjinne kin, is oant dy tiid Daniële Streep oansteld as ynterim saaklik direkteur.
In wurdfierder fan it festival hat it nijs niiskrekt bekendmakke op de nijjiersresepsje yn Midslân.
Martins sit al lang yn de kultuerwrâld. Earst wie er sels artyst, hy wurke mei sirkussen en foar ferskate festivals oer de hiele wrâld. Op it stuit is er noch artistyk direkteur fan it Freedom Festival yn Hull. Op it stuit is Martins Nederlânsk oan it learen.
Mikey Martins, direkteur fan Oerol
Mikey Martins op it strân fan Skylge © Nichon Glerum
De Brit wurdt de opfolger fan Siart Smit, dy't nei fiif jier ôfskied nommen hat. Yn dy "pittige perioade", sa't Smit it sels omskreau, koe it festival twa kear net trochgean fanwegen corona en ferstoar oprjochter Joop Mulder.
Yn de tiid dat Smit lieding joech oan it festival, is der ek wat feroare. De organisaasje is jonger wurden en duorsumens is belangriker wurden. Fierder wie it festival ôfrûne jier foar it earst net op de Westerkeyn en de Betonning, mar op it strân by West aan Zee.
Siart Smit
Siart Smit © Omrop Fryslân
De bedoeling is dat it festival trochgiet mei de ynset om de impact op de natuer lytser te meitsjen. Ek diversiteit bliuwt in belangryk tema: de organisaasje wol graach stimmen út de mienskip oan it wurd litte dy't minder faak heard wurde.
Fierder wurdt it festival goedkeaper makke foar minsken oant 35 jier, sa hopet it festival mear jongeren oan te lûken.

Earstkommende edysje: 7-16 juny

Der feroaret mear: ferline jier wie de festivallokaasje elke dei iepen fan 10.00 oere oant middernacht. Dat wurdt ynperke: it part op it parkearplak is tenei noch iepen fan 13.00-21.00 oere, it strân fan 16.00-22.00 oere.
De earstkommende edysje fan Oerol is fan freed 7 oant en mei snein 16 juny. Op de earste freed binne de earste foarstellingen, it festivalhert de Deining giet pas in dei letter iepen.