De toan fan Froukje Sijtsma: "Op reade learskes efter Dan Brown oan"

Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik haw noch nea in boek lêzen of in film sjoen fan Dan Brown, lykas 'The Da Vinci Code', 'Inferno' of 'Het Bernini Mysterie'. Al is der eins wol genôch reden ta.
It wie ferline wike woansdei nammentlik eksakt tsien jier lyn dat ik de Amerikaanske bestsellerskriuwer interviewde.
In Omropkollega begûn deroer om't de Hynstekeuring hast wer plakfine soe. Dan Brown is in grut leafhawwer fan Fryske hynders. Hy en syn no-eksfrou hienen thús ek Fryske hynders stean.
Yn 2014 wie er troch it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek as earegast útnûge foar de show Faderpaard en de Hynstekeuring yn Ljouwert fanwegen it doe 135-jierrich bestean.
De toan fan Froukje Sijtsma
It filmke mei myn moeting en ynterview mei Dan Brown stiet op de webside fan Omrop Fryslân. It ferhaal derefter sil my noch lang bybliuwe. Ik wie krekt in healjierke oan it wurk by Omrop Fryslân as ferslachjouwer.
Op de redaksje krige ik de opdracht om tegearre mei kameraman Evert van den Berg nei it sintraal stasjon fan Ljouwert te gean om in glimp fan de Amerikaanske skriuwer op te fangen.
Dan Brown makke dy dei mei 60 boekefans in reis fan Amsterdam nei Ljouwert yn in histoaryske trein. By oankomst soe er fuort trochreizigje. Op it perron stienen ferskate foto- en fideografen te wachtsjen.
Ik hie twa foardielen. Ik hie myn kekke reade learskes oan dêr't ik my hiel lekker op fielde en ik hie Evert mei, de pitbull ûnder de kameraminsken fan de Omrop.
Evert en ik hienen gjin taktyk ôfpraat, mar beiden wienen we fan doel om efter de skriuwer oan te gean. Al siet der wol in ferfelend snoer tusken ús yn dat kamera en mikrofoan oan inoar ferbûn.
Doe't Dan Brown de trein útstapte, sprong der fuort in keale bodyguard, mar miskien wie it ek wol in robúste manager, tusken om nijsgjirrige minsken fan de skriuwer ôf te hâlden. En se hienen de stap der stevich yn. Lykas Evert en ik. Wy gienen der fuort efteroan.
As de bodyguard links rûn fan Dan Brown, dan sochten wy rjochts de romte op. En doe't we ôfsnien waarden, besochten we it oan de foarkant. Underwylst besochten ek oare byldmakkers Dan Brown op skerm te krijen.
Ik moat altyd wer laitsje as ik it filmke weromsjoch. Ek al bots ik hast tsjin in peal oan en moatte Evert en ik hurd trochstappe, dochs hâlde we beiden fol. It grappige is ek dat Dan Brown bêst efkes freonlik antwurd jaan wol, mar syn bodyguard hat der gjin nocht oan.
Dochs slagget it om Dan Brown in pear luchtige fragen te stellen. De reade learskes haw ik noch altyd. Ik rin der net sa hiel faak mear op, mar it ferhaal derefter is te moai om se fuort te dwaan."