Provinsjebestjoer wol gjin jild útjaan oan LHBTIQA+-akseptaasje

In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs
In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten wol gjin jild útjaan oan belied foar LHBTIQA+-akseptaasje. Dat fynt it provinsjebestjoer in taak fan gemeenten.
It wie in grutte kampanje yn 2019 en 2020. Op oantrúnjen fan bekende Fries Sipke Jan Bousema is der bot aksje fierd om de provinsje Fryslân as lêste yn Nederlân in 'Reinbôgeprovinsje' te meitsjen. Yn maart 2020 wie it safier, in mearderheid yn Provinsjale Steaten stimde foar.
As ferfolch tsjinnen D66, FNP, PvdA en SP in moasje yn om alle jierren 50.000 euro frij te meitsjen foar reinbôgebelied.
De partijen woene dat der mear gebeurde as allinnich mar de reinbôgeflage te hisen. Dy moasje waard mei in grutte mearderheid oannaam.
Ferline jier frege Sipke Jan Bousema mei in Fryske reinbôgeflagge omtinken foar Coming Out Dei
Sipke Jan Bousema frege mei in Fryske reinbôgeflagge omtinken foar Coming Out Day © ANP
No, twa jier letter, tsjinnet de provinsje trije senario's yn hoe't der foarmjûn wurde kin oan it belied. De foarkar fan it provinsjebestjoer is om it jild dat oer is werom te stoarten nei de algemiene middels.
As der wol belied komt foar LHBTIQA+-akseptaasje, dan soe dat betsjutte dat de kommende jierren ek jild beskikber wêze moat om dat út te fieren.
Dat jild is der net, seit deputearre Femke Wiersma: "Dêrfoar moat earst it 'weerstandsvermogen' better wurde"
Neffens Wiersma foldocht it kollezje oan de yntsjinne moasje fan 2022: "Dy moasje formulearret dat we mei in beliedsbrief komme moatte. Ek om te sjen: wêr moatte we oer fiif jier stean as it giet om reinbôgebelied?"
Deputearre Femke Wiersma
Deputearre Femke Wiersma © Provinsje Fryslân
It is no oan de Provinsjale Steaten om te stimmen watfoar kant se op wolle mei it belied. Njonken de foarkar fan de provinsje, lizze der noch twa oare senario's.
Sa kinne de Steaten der ek foar kieze dat ynklusiviteitsorganisaasje Tûmba gemeenten advys jout op it mêd fan reinbôgebelied. Dan moatte der ek yn de provinsje meiwurkers op reinbôgebelied set wurde. Dêrfoar is dan 60.000 euro nedich.
By it tredde senario sille Provinsjale Steaten har ynsette om maatskiplike organisaasjes oan inoar te ferbinen, de tolerânsje te fergrutsjen mei in kampanje oer ûnbewuste foaroardielen nei de LHBTIQA+-mienskip en it sportklimaat te ferbetterjen. Dêrfoar moat noch mear jild frijmakke wurde.
It betsjut dan wol dat je oare minderheidsgroepen miskien wer tekoart dogge.
Deputearre Femke Wiersma
By dy lêste senario's leit de foarkar fan it provinsjebestjoer dus net. Wiersma: "As je aktyf belied fiere foar ien bepaalde minderheidsgroep, dan betsjut dat wol dat je oare minderheidsgroepen miskien wer tekoart dogge."

"Gjin kearntaak"

"As it giet om aktyf belied nei de mienskip ta, is dit gjin kearntaak foar provinsjes", seit de deputearre. "Ik soe wolle dat wy in sosjale taak hienen by de provinsje."
Mar der is gjin jild oan keppele. "Dus dan kin ik der ek gjin amtners op sette."
Het geluid is verhard en wordt agressiever.
Brenda de Groot, COC Fryslân
Ut ûndersyk fan it Planbureau Fryslân docht bliken dat minderheidsgroepen har net altyd thús fiele yn ús provinsje. Sy fernimme negative sentiminten en hawwe wolris te krijen mei útsluting, diskriminaasje en agresje. Oare ynwenners fan Fryslân fiele harsels neffens it ûndersyk wol romtinkend.

COC Fryslân hat soargen

COC Fryslân is fernuvere oer it advys fan it provinsjebestjoer. "Dit is erg zorgwekkend", seit ponghâlder Brenda de Groot.
"Vooral omdat de problematiek alleen maar toeneemt. Het geluid is verhard en wordt agressiever. De provincie zou het feit dat iedereen gelijk is, moeten blijven ondersteunen. Met het terugtrekken van geld geef je een beeld dat die haat en negativiteit die nu worden geuit, oké zijn."
In aksje fan studinten yn 2019, dy't woene dat Fryslân in reinbôgeprovinsje wurde soe
In aksje fan studinten yn 2019, dy't woene dat Fryslân in reinbôgeprovinsje wurde soe © ANP
It beslút betsjut neffens Wiersma net dat de provinsje minderheidsgroepen út it each ferliest. Fryslân bliuwt ek in reinbôgeprovinsje. De reinbôgeflage bliuwt bygelyks hingjen op it provinsjehûs.
"Dat stiet hjir los fan", seit de deputearre, "Dat is mear foar yntern. Wat we hjir yntern oan dwaan kinne, sille we dwaan, foar alle minderheidsgroepen. Eltsenien is wolkom om hjir te wurkjen."