Hyp, hyp, hoera! Frou Weitenberg fan Ljouwert is 100 jier en krige in serenade

Beppie  Weitenberg krige in serenade
Beppie Weitenberg krige in serenade © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
In bysûndere dei foar Beppie Weitenberg - De Bruin fan Ljouwert. Se is 100 jier wurden. Om dy moaie leeftiid te fieren, ferrasten buorlju en skoalbern har mei in serenade.
Der klonk in fleurich 'Lang zal ze leven' yn de Gymnasiumstrjitte. De skoalband studearre spesjaal foar de jierdei in ferske yn.
Frou Weitenberg wennet al sûnt 1959 mei in soad wille foar Christelijk Gymnasium Beyers Naudé oer. Se wie tige ferrast dat de learlingen en buorlju har yn it sintsje setten. "Geweldig! Ik vind het heel erg leuk."
Hyp, hyp, hoera! Frou Weitenberg fan Ljouwert waard 100 jier en krige in serenade
It kontakt tusken minsken yn de strjitte hat neffens teamassistint ûnderbou Conny Langius altyd goed west: "We zitten als school midden in de straat, dus je hebt vaak wel even een praatje."
Muzyk foar frou Weitenberg
Muzyk foar frou Weitenberg © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Dat fynt frou Weitenberg ek: "Ik kan heel goed met ze overweg en ik ben heel blij met mijn buren. Het is altijd heel leuk als de scholen weer beginnen."