Supertalint Leonie Bentveld út Burgum hopet ea wrâldkampioen fjildriden te wurden

Leonie Bentveld
Leonie Bentveld © Orange Pictures
Leonie Bentveld fan Burgum is noch mar 19 jier. Dochs einige de fjildrydster dit seizoen al meardere kearen yn de top-10 fan in wrâldbekerwedstriid. Ofrûne snein prolongearre Bentveld, dy 't sûnt twa jier yn it Belgyske Kasterlee wennet, har Nederlânske titel fjildriden by de beloften.
By it passearjen fan de finishline yn Hoogeveen stekt se sân fingers yn de loft. Leonie Bentveld wurdt foar de sânde kear Nederlânsk kampioen fjildriden. Earst by de nijelingen, dêrnei by de junioaren en no foar it twadde jier op rige by de beloften (oant 23 jier).
Portret Leonie Bentveld
"Ik bin hiel bliid mei dizze titel", fertelt in ferromme Bentveld flak nei de finish. "Der stie behoarlik wat druk op, want elkenien ferwachte mar even dat ik opnij de Nederlânske titel pakke soe. Gelokkich kaam ik hjoed net yn 'e swierrichheden."

Dikke Banden Race

Bentveld begjint op 8-jierrige leeftiid mei fytsen. Yn har wenplak Burgum docht se mei oan de Dikke Banden Race en wint se direkt. De Friezinne slút har dêrnei oan by hurdfytsferiening Otto Ebbens op De Westereen en rydt wedstriden op de dyk. Net sûnder resultaat, want Bentveld einiget faak op it poadium.
Yn 2014 docht se mei oan in pear fjildritten yn Noard-Nederlân en ek yn dit ûnderdiel is se suksesfol. Sterker noch, fjildriden wurdt har earste leafde. Alle jierren wurdt Bentveld better.
Yn 2018 sjocht Marianne Gall, op dat stuit jeugdtrainster, by in wedstriid yn Marum. "Dêr foel Leonie my fuort op. Ik seach dat ljochte kopke foarbyfleanen en tocht: har moat ik ha."
Leonie Bentveld
Leonie Bentveld © Orange Pictures
"Ik krij der noch pikefel fan as ik deroan tink", ferfolget Gall. "Se lei fuortendaliks foaroan en 'stoempte' mar troch." Foar Gall wie it dúdlik dat se har graach begeliede woe. "We giene yn petear en it klikte hast direkt. Sa waard ik har coach en begelieder."
Bentveld slút har yn 2021 oan by Pauwels Sauzen-Bigoal, in topteam yn België, dêr't ûnder oaren Eli Iserbyt en Michael Vanthourenhout foar ride. In jier letter tekenet se by dy ploech har earste profkontrakt. "Ik bin hiel bliid dat ik fan it fjildriden myn berop meitsje kinnen haw. It is in hiel soad trainen, mar ik ha neat te kleien."

Goede bân mei trainer

Om alles út har sport te heljen beslút de Burgumse te ferhúzjen nei Kasterlee, in lyts doarpke krekt oer de grins. Dêr wennet se no twa jier, mei har coach. Gall: "Wy dogge in hiel soad dingen tegearre. It húshâlden, trainingskampen, it reizgjen nei wedstriden ta. Us bân is hecht. Ik haw in soan, mar ik beskôgje Leonie as myn bonus-dochter."
Bentveld: "Foar in wedstriid hoech ik har mar oan te sjen en se wit presys wat der barre moat. Ik kin mei har lêze en skriuwe. Yn België ha ik yntusken ek hielendal myn draai fûn. Hjir ha ik nije freonen makke en genôch oare hurdfytsers om my hinne om mei te trainen."
Stiet der 130 kilometer op it skema, dan komt se werom mei 140 kilometer op de teller.
Trainer Marianne Gall fynt Bentveld in foarbyldprof
"In soad wedstriden binne yn België, dus it skeelt my in hiel soad reistiid. Sa no en dan gean ik noch wolris werom nei Nederlân, om myn âlde freonen fan skoalle op te sykjen. Sa't it no liket, bin ik net fan doel om gau werom te gean nei Fryslân", seit Bentveld.
Leonie Bentveld komt oer de streek
Leonie Bentveld komt oer de streek © Orange Pictures
Gall is tige tefreden oer har pupil. "Se docht der alles oan om better te wurden, ik hoech har noait te pushen. Se docht altyd mear as dat ik har foarskriuw. Stiet der 130 kilometer op it skema, dan komt se werom mei 140 kilometer op de teller. Se lit alles foar it fjildriden, in echte prof."

Dreame fan de wrâldtitel

"Ea hoopje ik wrâldkampioen te wurden by de elite", seit Bentveld. "It is gjin Olympyske Sport, dus dat is it heechst helbere." Gall tinkt dat der noch in soad groei yn har pupil sit. "Yn ferliking mei ferline jier is se echt folle better wurden. We hopen dit jier in kear top-10 te riden, mar yntusken einiget se hast alle wiken by de earste tsien."
"It begjint hast normaal te wurden, mar dat is it net, hin? Se is noch mar njoggentjin, har bêste jierren komme noch. Se krijt hieltyd mear ynhâld. Ik bin der wis fan dat Leonie dit seizoen wer in enoarme stap set yn har ûntwikkeling."