It Fochtelerfean wurdt in wiete spûns troch it ferfangen fan dizze âlde kaden

In stik âlde houten kade dat al lang gjin wetter mear tsjinhâldt
In stik âlde houten kade dat al lang gjin wetter mear tsjinhâldt © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Alle rein dy't de ôfrûne moannen foel, komt it sompegebiet Fochtelerfean goed út. Mei de drûge simmers yn de efterholle wurdt it himelwetter tankber opfangen om as rêdmiddel foar de natuer fungearje te kinnen.
It natuergebiet by De Fochtel is ôfhinklik fan reinwetter en dizze wiete winter komt op in momint dat dat wetter hieltyd better ynset wurde kin.
Dat reinwetter is o sa wichtich, omdat it Fochtelerfean in heechfeansompegebiet is.
It Fochtelerfean ferliest hieltyd minder wetter en dat is mar goed ek
Der sit grûnwetter ûnder, dat is sa, mar de feanmoassen binne yn tûzenen jierren sa bot omheechgroeid dat dit type sompen it benammen ha moat fan it fêsthâlden fan reinwetter.
Dat is allinnich mar wichtiger wurden, omdat wy troch klimaatferoaring hieltyf mear drûge simmers hawwe. As in sompe drûchfalt, stjerre de planten dy't dêr groeie ôf.
Boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten op syk nei fûgels
Boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten op syk nei fûgels © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat der wat wetter it Fochtelerfean útrint, is normaal. Allinnich lei it tempo wêrmei't dat bart al hiel lang fierstente heech. Dat komt trochdat it fean deromhinne fierwei fuorthelle is, wêrtroch't der gjin 'buffer' mear is.
Boppedat is it lân deromhinne ek nochris te djip ûntwettere. Houten kaden dy't it natuergebiet opdielden yn kompartiminten moasten dat probleem oplosse, mar dy binne stadichoan lek slein.

Ferfanging kostet miljoenen

Yn 2022 is dêrom begûn oan it ferfangen fan dy lekke kaden: in projekt fan 30 miljoen euro. Dat is in slompe jild, mar wol nedich. Heechfeansompegebieten binne tige seldsum wurden yn Nederlân.
No't der mear en mear fan dy nije kaden lizze, slagget it ek better om al it wetter dat winterdeis ekstra falt, fêst te hâlden. Op relatyf lytse skaal wie dat de ôfrûne simmer al te sjen.
Feanmoassen by De Fochtel
Feanmoassen by De Fochtel © Omrop Fryslân
Der wiene genôch nije kaden oanlein om trije kompartiminten sompenatuer te beskermjen.
"Ek al hienen wy de ôfrûne simmer net folle rein en wie it hiel drûch, dochs is it grûnwetter yn dy trije kompartiminten mar amper sakke. Dus dat liket hiel goed", seit boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten.
Boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten
Boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten © Omrop Fryslân
Dizze winter is der op 'e nij hurd wurke oan dy nije kaden. Sa'n 20 fan de 55 kilometer oan kaden is no ferfongen, wêrtroch't it feanmoas wer werstelle kin en dwaan kin dêr't it goed yn is: in soad wetter fêsthâlde.
De kaden binne ien ding, mar de feanmoassen moatte it úteinlik dwaan. Dy kinne it bêste wetter fêsthâlde.
Boskwachter Jacob de Bruin fan Natuurmonumenten
De Bruin: "De kaden binne ien ding, mar de feanmoassen moatte it úteinlik dwaan. Dy kinne it bêste wetter fêsthâlde. Dus as dy bedekking mei feanmossen tanimt, wurdt it gebiet hieltyd mear selsregulearjend."
In kraanfûgel tusken de guozzen by it Fochtelerfean
In kraanfûgel tusken de guozzen by it Fochtelerfean © Omrop Fryslân
Dat it Fochtelerfean langer wiet bliuwt, is ek goed nijs foar briedende kraanfûgels yn it gebiet. Dy briede op de grûn en al dy wiete sompe makket it foar benammen foksen hiel dreech om by de aaien te kommen.
Mar ek as aanst alle kaden ferfongen binne, is dat noch net genôch foar it werstel fan it natuergebiet. De nasjonale Ecologische Autoriteit hat koartlyn nei de plannen foar it gebiet sjoen en advisearret op koarte termyn ek wat te dwaan oan de stikstofbelêsting.