Se moatte der wêze, mar wêr dan? Natuerbeskermers binne op syk nei Fryske stienûlen

Stienûlen
Stienûlen © Steenuilenwerkgroep Friesland
Natuerbeskermers fan de wurkgroep Steenuilen Friesland wolle stienûlen út it suden fan Nederlân útsette yn ús provinsje. Dêrby giet it om fûgels út de biste-opfang. It is ien fan de maatregels om de tige seldsume soarte wer yn gruttere oantallen werom te krijen yn Fryslân.
"Wy sille besykje se út te setten. Oft it effekt hat, witte wy net. Wy hawwe no kontakt mei ferskate opfangsintra. Yn it suden en easten fan it lân tilt it op fan de stienûlen en dêr sitte ek in hiel soad yn de opfang. Dy moatte dochs útset wurde. Dus wêrom net yn Fryslân?", seit Johannes Ruurd Fokkens fan de wurkgroep.

Grut ferlet fan briedplakken

Der sirkulearret no in oprop fan harren troch de provinsje om waarnimmings fan stienûlen troch te jaan.
Fan tsien span stienûlen is bekend dat sy yn Fryslân libje, mar it moatte der noch mear wêze. Mar wêr't dy sitte, is net bekend. As de wurkgroep dat wol wit, kinne sy ringe wurde en komme der nêstkasten. Omdat der in hiel soad gebouwen ticht makke binne, is der in grut ferlet fan briedplakken.
Stienûlenwurkgroep
Johannes Ruurd Fokkens (links) en Jeroen Breidenbach fan de Steenuilenwerkgroep Friesland © Steenuilenwerkgroep Friesland
De stienûle is in hiele lytse ûle dy't benammen krobben en wjirmen yt, mar at it sa útkomt ek lytse fûgeltsjes. Wat sy neffens Fokkens nedich ha, binne "lytsskalige pleatskes, singels, it mei wol in bytsje rommelich wêze en in soad ynsekten."
Fokkens hopet dat der op it stuit noch wol fjirtich oant fyftich stienûlen binne yn Fryslân. Yn it ferline wienen it der wol twa- oant fjouwerhûndert. Dat kin neffens him wer. "Der binne hjir genôch mooglikheden en der is genôch romte. Se moatte allinnich in triuwke yn de rêch krije", seit er.
Wannear't de earste stienûlen yn Fryslân útset wurde, is noch net bekend.