Krije we yn Fryslân faker sinkgatten te sjen? "Hevige stortbuien geven problemen"

'Sinkhole' yn Ljouwert
'Sinkhole' yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Stel dy foar: rinst oer strjitte en ynienen sakket de grûn ûnder dyn fuotten wei en falst yn in gat, in saneamd sinkhole. Krektlyn wie der ien yn Ljouwert en in jier earder wie der yn Arum wat soartgelikens bard. Reden foar panyk?
"In Nederland zijn sinkholes niet zo gevaarlijk", seit Ronald van Balen, ûndersiker op it mêd fan geology oan de Universiteit van Amsterdam. Yn it bûtenlân is dat in oar ferhaal. Dêr kinne se meters djip wêze en komplete huzen en auto's yn in sinkgat ferdwine litte.
Hoe dan ek moatte we der yn de takomst om tinke. As it sa trochgiet mei de klimaatferoaring, krije we neffens Van Balen sa goed as wis faker te krijen mei sinkgatten. By fûle reinbuien kin benammen sângrûn maklik fuortspiele. En ek yn Nederlân binne der grutte gebieten op sângrûn boud.

Arum ûntsnapt oan drama

Sa skrokken de minsken yn Arum eksakt in jier lyn doe't in boukraan samar omfoel. It reinwaar wie neffens Jan Kamminga fan it bedriuw dat der doe wurke de oarsaak. Wierskynlik is troch al it wetter dat der fallen is yn de lêste fjouwer dagen earne in sinkhole ûntstien. It sân is fuortspield ûnder de stimpeling fan de kraan", wie syn ferklearring.
It gefaarte miste op in hier nei it gymlokaal fan de skoalle, dêr't op dat stuit fyftjin bern fan groep acht wienen.
De boukraan miste krekt in gymnastyklokaal dêr't 15 bern wienen
De boukraan miste krekt in gymnastyklokaal dêr't 15 bern wienen © Eigen foto
It foarbyld yn Arum lit sjen dat in sinkgat gefaarlike situaasjes opsmite kin, mar neffens ûndersiker Van Balen moatte we de gefaren ek wer net oerskatte.
"In Nederland zijn sinkholes niet zo gevaarlijk. In theorie zou je erin terecht kunnen komen, dan zakt de grond plotseling letterlijk onder je voeten vandaan, maar omdat ze niet zo diep zijn, is het niet heel gevaarlijk."
Neffens Van Balen binne sinkgatten yn Nederlân op syn heechst in meter grut en in meter oant oardel meter djip. 'In het buitenland zijn sinkholes met een diameter van 110 meter en een diepte van 10 meter mogelijk."
Sokke situaasjes silst yn Nederlân net gau sjen
Sokke situaasjes silst yn Nederlân net gau sjen © Shutterstock
Sinkgatten kinne op rûchwei twa wizen ûntstean: trochdat de grûn fuortspield wurdt en trochdat der stiente oplost. Yn Nederlân hawwe we eins allinnich mar te krijen mei de earste mooglikheid.
"Meestal hangt het samen met gesprongen waterleidingen of kapotte rioleringen", seit Van Balen. "Het gebeurt met name op zandige gronden, want die spoelen makkelijker weg. Klei plakt meer aan elkaar."

Mear buien, mear gatten

"Met de huidige klimaatverandering hebben we te maken met hevigere regenbuien, stortbuien", giet Van Balen fierder. "Dat geeft problemen met het afvoeren van water, dan komen kapotte rioleringen aan het licht."
Neffens Van Balen is it dan ek net nuver dat krekt de lêste tiid geregeld sinkgatten oan it ljocht komme. "Dat heeft te maken met de hevige regenval van de afgelopen tijd", stelt de ûndersiker.
Mear sinkholes by wiet waar
Mear sinkholes by wiet waar © ANP
Ast in sinkgat sjochst, dan kinst 'm sels net samar even tichtsmite. "Dan moet je de gemeentewerf bellen, de onderhoudsdienst", stelt Van Balen. "Zo'n gat moet gerepareerd worden. De waterafvoer moet worden hersteld en het gat afgedekt."
Goed in wike lyn ûntstie der by Feanwâlden ek in sinkgat
Goed in wike lyn ûntstie der by Feanwâlden ek in sinkgat © Ynstjoerde foto (Dijkstra)
It is net sa dat in plak dêr't earder in sinkgat sitten hat, altyd in swak plak bliuwe sil. "Als je zo'n zinkgat repareert, wordt het net zo sterk als het origineel was", stelt Van Balen gerêst.