It fjoer oanstekke foar it Frysk: it begjint by bewustwurding

Dosinte Frysk Ans Wallinga en ûnderwiisadviseur Anna Marije Bloem
Dosinte Frysk Ans Wallinga en ûnderwiisadviseur Anna Marije Bloem © Omrop Fryslân
Studinten dy't graach oan in bachelor Frysk begjinne wolle, kinne sûnt in pear jier net mear terjochte by Rijksuniversiteit Groningen. No docht bliken dat Frysk ûnderwiis wol yn trek is by learlingen.
De Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) advisearret om de bachelor Frysk nij libben yn te blazen.

Meardere klassen

Mar om in bachelor Frysk yn de praktyk bringe te kinnen, is animo fan belang. Hjir liket gjin gebrek oan te wêzen.
It fak Frysk soe nammentlik populêr wêze op de skoallen dêr't it fak oanbean wurdt, seit Anna Marije Bloem, ûnderwiisadviseur Frysk en meartaligens by Cedin.
"Op de skoallen dêr't je Frysk as fak kieze kinne, giet it somtiden om meardere klassen it learjier." Mar fan de likernôch 60 middelbere skoallen yn Fryslân biede mar 13 skoallen Frysk as eineksamenfak oan.
Wol binne middelbere skoallen yn Fryslân fan 2030 ôf ferplichte om har yn te setten foar it fak Frysk op skoalle. Troch de ynfiering fan 'Taalplan Frysk 2030' is dit nammentlik net frijbliuwend.
Yn it 'Taalplan Frysk 2030' stiet beskreaun dat it fak Frysk uterlik yn 2030 op alle basis- en middelbere skoallen yn Fryslân oanbean wurde moat. Sa krije alle bern yn de provinsje de kâns om de Fryske taal te learen. De ynspeksje sil hjir dan ek op kontrolearje.
Neffens Bloem is dizze ynfiering fan belang om de Fryske taal libjend te hâlden. Ek soe it omtinken dat oan it Frysk bestege wurdt yn it fuortset ûnderwiis liede kinne ta animo foar in universitêre stúdzje Frysk.
Trochdat learlingen yn oanrekking komme mei it fak Frysk kin har ynteresse oanwakkere wurde. Dêrtroch soene sy faaks ek flugger in stúdzje Frysk as ferfolchoplieding kieze.

Drachtster Lyceum

Ans Wallinga, dosinte Frysk, is it hjirmei iens. Op har skoalle, it Drachtster Lyceum, wurdt it fak Frysk dan ek hiel serieus naam.
Sa hawwe learlingen fan takom jier ôf de kar om sawol yn ûnderboujierren as yn boppeboujierren Frysk te folgjen, om it fak dêrnei mei in eineksamen ôf te sluten.
"Wannear't Frysk oanbean wurdt, fernimme je dat de learlingen har oanmelde en entûsjast binne."
Walinga tinkt dat dit ek jilde soe foar in bachelor Frysk en sy sjocht hjir dan ek it belang fan yn. "Dan wurdt it dúdlik dat it Frysk derta docht. As der gjin universitêre stúdzje is foar in taal, dan is dat net goed foar de status: dan komt de taal yn in negative spiraal telâne."
Drachtster Lyceum
Drachtster Lyceum © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
Ek learlingen Joanne, Julia en Regina fan it Drachtster Lyceum sjogge graach in bachelor Frysk weromkommen. De learlingen hawwe Frysk as eineksamenfak keazen en dit hat harren ynteresse oanwakkere.
"Wy besykje om stúdzjes te sykjen dy't ús ynteressearje en it leafste soene wy gean foar in ferfolchoplieding Frysk."
It Frysk libbet yn harren freonegroep en de learlingen binne grutsk op de taal en de kultuer. De karopsje foar in bachelor Frysk wurdt dus mist ûnder de learlingen.
De Fryske taal libbet en ek as net-Fries, kin de stúdzje tige nijsgjirrich wêze.
Studinte Nina Gijbels
Op dit stuit binne der wol in pear oare opsjes om je as studint te ferdjipjen yn it Frysk. Ien fan dizze opsjes is it folgjen fan in minor Frysk oan de RUG, wêryn't je je as studint in healjier ferdjipje kinne yn de Fryske taal en kultuer.
Studintes Annarens Boschma en Nina Gijbels hawwe dizze kar makke. Sy binne ynteressearre yn de Fryske taal en kultuer.
By de fan oarsprong Brabânske Nina waard de ynteresse oanwakkere trochdat se yn Drachten kaam te wenjen. Yn kombinaasje mei har ynteresse foar minderheidstalen foel de kar op in minor Frysk. "De Fryske taal libbet en ek as net-Fries, kin de stúdzje hiel nijsgjirrich wêze."

Wachtsje op in bachelor

Boschma miste de opsje foar in Fryske bachelor by syn stúdzjekar. Om har dochs ferdjipje te kinnen, folget se op it stuit de minor. Sy tinkt dat in bachelor Frysk fan belang is foar de status fan de taal.
Ek fynt sy it wichtich dat minsken mei Frysk as memmetaal heard wurde kinne yn harren eigen taal. Dêrom soe it neffens har fan belang wêze dat minsken Frysk studearje kinne.
Fryske flagge by Rijksuniversiteit Groningen
Fryske flagge by Rijksuniversiteit Groningen © Shutterstock
Sawol learlingen as studinten binne entûsjast oer in bachelor Frysk. Animo foar de bachelor liket dan dus ek gjin probleem te wêzen. Mooglik kinne dizze learlingen en studinten yn de takomst wer terjochte by Rijksuniversiteit Groningen foar in bachelor Frysk.