Harns betinkt slachtoffers kamp Neuengamme: "We mogen ze nooit vergeten"

Der wurde blommen lein by it monumint yn Harns
Der wurde blommen lein by it monumint yn Harns © Omrop Fryslân
Harns stiet stil by de slachtoffers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen binne yn konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburg. Tagelyk wie ek in betinking yn Hamburg
It giet om 13 ynwenners fan de havenstêd dy't by it monumint op it algemiene begraafplak betocht binne.

Deportearre

It is 16 jannewaris 1945, as hast 110 fersetsminsken út Noard-Nederlân deportearre wurde nei Neuengamme. Under harren binne 13 minsken út Harns.
By oankomst wurde se yn twa groepen ferparte: 70 minsken wurde binnen in pear wiken ophongen en de oaren wurde yn houten barakken ûnderbrocht. Ek sy sille de oarloch net oerlibje,
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns en Jan Norg lizze blommen del
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns en Jan Norg lizze blommen del © Omrop Fryslân
By de Harnzers dy't eksekutearre wurde, sit ek Klaas Norg. Hy wie de heit fan Jan Norg, dy't dizze skiednis optekene hat. Syn heit is reedlik gau nei oankomst ophongen.
"De lichamen zijn gecremeerd en de as werd als compost over de tuinen van de SS gestrooid. Hun overlijden is nergens vastgelegd."

Onzeker

De mem fan Jan Norg wachtet nei de befrijing op in teken fan libben, Mar dy komt der net. "Mijn moeder zal pas in de jaren vijftig te horen krijgen dat haar man die vermist was, is overleden, ergens tussen 1 februari en 10 maart 1945."
Op dy dei yn maart is de lêste Nederlanner yn Neuengamme ophongen.
Op 25 oktober 1951 waarden seis Harnzers op 'e nij begroeven op it algemiene begraafplak. In jier letter waard by dizze graven in momumint ûntbleate mei twa plakketten mei de nammen fan de oare sân slachtoffers.
Neffens Norg is it tige wichtich dat alle manlju betocht wurde, "We mogen ze nooit vergeten", seit er.
Neuengamme wie in konsintraasjekamp dat op sa'n 18 kilometer fan Hamburg lei. Yn it kamp hawwe 106.000 minsken finzen sitten, hast de helte fan har hat it net oerlibbe.
De slachtoffers waarden ophongen, deasketten of kamen om it libben troch ferlijen en sykte. Der binne yn de Twadde Wrâldoarloch sa'n 7.000 Nederlanners nei Neuengamme deportearre.