Geduld is op: '40 miljoen euro frijmeitsje om spoarproblemen by Meppel oan te pakken'

anp
It treinferkear tusken Zwolle en Ljouwert lei der ferline wike út troch in defekt spoar © ANP
De trein moat wer probleemleas lâns Meppel ride kinne. De fraksjes fan GrienLinks-PvdA, ChristenUnie en it CDA yn de Twadde Keamer wolle dêr 40 miljoen euro foar frijmeitsje.
Sa moat der 'foar altyd' in ein makke wurde oan de frekwinte problemen op it spoar tusken Meppel en Zwolle. De trije partijen wolle dat dwaan mei in amendemint by de begruttingsbehanneling fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
"Iepenbier ferfier moat betrouber wêze", seit it Fryske Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA. "Minsken moatte maklik nei skoalle, wurk of famylje reizgje kinne."
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan GL-PvdA
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA © ANP
Neffens Keamerlid Pieter Grinwis fan de ChristenUnie is in treinreis oer Meppel op dit stuit earder in ramp as in feest. Syn partij wol graach mear intercitytreinen nei Grins ta en dat is allinnich mooglik as der in ein komt oan de steuringen by Meppel.

Hast alle dagen mis

De trije partijen reagearje mei harren amendemint op de petysje dy't de provinsjes Drinte, Fryslân, Grinslân en Oerisel tiisdei oanbiede sille oan de Twadde Keamer. De provinsjes hawwe skjin harren nocht fan de oanhâldende steurings op it spoar yn de flessehals tusken Meppel en Zwolle.
It geduld is op mei de flessehals op it spoar nei it Noarden ta
Neffens de provinsje Drinte hat der yn de flessehals Zwolle-Meppel sûnt septimber ferline jier mar leafst 71 kear in earnstige steuring west mei as gefolch grutte fertraging foar de reizgers. Ferline wike - de earste wurkwike fan it nije jier - wie it hast alle dagen mis by Meppel en dat fine de fjouwer belutsen provinsjes ûnakseptabel.
Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt
Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt © ANP
De noardlike provinsjes freegje al jierren om it oanpakken fan it spoar by Meppel, mar dat hat oant no ta noch net ta konkrete aksje laat. De provinsjes wolle dat Meppel hiel gau in ekstra spoar en in ekstra perron krijt, sadat yn it gefal fan steuring it oare treinferkear gewoan trochride kin.

Steuringen binne gjin klantebining

De NS en spoarbehearder ProRail litte witte dat se fjouwerkant achter de petysje fan de provinsjes stean. De NS baalt sels ek fan alle steuringen, want dat is bepaald gjin klantebining.
De NS hat yn de nije konsesje mei it Ryk ôfpraat dat it bedriuw besiket om yn de Twadde Keamer oannommen moasjes ek út te fieren. ProRail lit wite dat der al wurke wurdt oan plannen foar it ferbetterjen fan it spoar by Meppel. Dat plan moat de kommende simmer klear wêze.