Is Jeppe 537 foar in rike Amerikaan? En wat hat de Haka mei Fryslân te krijen?

Wykoersjoch Omrop Fryslân
Wykoersjoch Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
In Fryske hynst dy't 180 merjes dekke moat, it doarp Wier dat ferlost hopet te wêzen fan syn lawaaïïge radar en de honger fan Fryske lêzers nei biblioteekboeken. Dat en mear bepaalde dizze wike it nijs yn ús provinsje. Lês deroer yn ús wykoersjoch.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fjirder mar de revu passearret yn Fryslân. Foar elkenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar werom lêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Winner Jeppe 537
Winner Jeppe 537 © Omrop Fryslân

Jeppe 537 krijt it drok

Jeppe 537 soarge foar pikefel by de hynstekeuring yn Ljouwert. It hynder fan stoeterij Bommelsteyn fan Haskerhoarne waard útroppen ta algemien kampioen. Hynstekenner Henk Dijkstra, sels ek fokker, wit wat sa'n kampioenskip mei de merkwearde fan in hynder docht. "In rike Amerikaan makket it neat út, dy keapet it foar eltse priis."
ANP Fryske boeken yn de biblioteek
Fryske boeken yn de biblioteek © ANP

Wat lêst Fryslân?

Soe de smaak fan Fryske biblioteek-besikers ôfwike fan dy yn de rest fan it lân? Om dêr in antwurd op te krijen, ha de biblioteken yn ús provinsje in oersicht makke fan de boeken dy't it faakst liend wurde. Binne misdiedromans bygelyks yn Fryslân ek sa populêr? En wat binne de meast lêzen Fryske boeken?
Wier
Sa komt de koepel oer de radar © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Is Wier einliks ferlost fan radar-misêre?

Jierrenlang kleie omwenners fan Wier oer in ferfelend lûd, waarden meldingen dien fan steuringen yn de wifi, en koenen lampen en telefyzjetastellen samar oan en út sprongen. It soe feroarsake wurde troch in radar fan Definsje. Mei it pleatsen fan in koepel en in bult jild hopet Definsje de problemen no oplost te hawwen.
Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer
Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer © ANP

Fryske maidenspeech yn Twadde Keamer

"Te lang ha minsken yn de regio yn it skaad fan Den Haag libbe", sei Aant Jelle Soepboer fan Nijewier tiisdei yn syn maidenspeech yn de Twadde Keamer. It NSC-partijlid rôp op ta mear omtinken foar taal en de regio. "Als ze in Nieuw-Zeeland een Haka kunnen doen, dan vindt u het vast niet erg dat ik een paar woordjes in het Fries tot u richt."
Sjinkie Knegt
Sjinkie Knegt © Orange Pictures

Sjinkie Knegt wol fan gjin ophâlden witte

Sjinkie Knegt slagge der it ôfrûne wykein net yn him te pleatsen foar de wrâldbeker en dêrtroch mist hy ek it WK. De 34-jierrige shorttracker út Bantegea hat in weardeleas seizoen, mar tinkt der noch net oer om de redens op te bergjen. "Ik fyn it spultsje te leuk."