De Fryske Marren: Jouster sikehûs soe moai wêze, mar giet om breder belang

Antonius Tjongerskans
It Antonius-sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân
In nij sikehûs op De Jouwer is fan grutte mearwearde foar de gemeente De Fryske Marren. Mar ek foar Fryslân sels. Dat tinkt wethâlder Janita Tabak.
Tabak en de riedsleden fan De Fryske Marren waarden moandeitejûn bypraat oer de fúzjeplannen fan it Antonius yn Snits en Tjongerskâns fan It Hearrenfean.
Foar de simmer makken de sikehuzen bekend op termyn fusearje te wollen. Op De Jouwer soe dan in nij sikehûs boud wurde moatte. De fúzje is nedich, sa sizze de bestoerders en ek soarchfersekerder De Friesland, om de soarch yn de takomst oerein te hâlden.
Troch dûbele fergrizing, dus fan de Friezen sels en ek de sikehûsmeiwurkers, driget in grut personielstekoart.
Joure is fijn, maar het belang ligt bij de provincie.
Wethâlder Janita Tabak
Earder binne de gemeenterieden fan Súdwest-Fryslân en Hearrenfean bypraat. Dêr wienen in soad fragen en soargen oer it ferdwinen fan de sikehuzen yn Snits en It Hearrenfean.
Yn Súdwest waard ek klage oer it gebrek oan kommunikaasje oer de plannen en de 'minne finansjele ûnderbouwing'.

Efter sletten doarren

Yn De Fryske Marren wie de ynformaasjesesje efter sletten doarren. Dat jout de ried de kâns te praten sûnder polityk te bedriuwen.
De lûden binne dêr oars, al stelt wethâlder Janita Tabak wol dat goede soarch foarop stiet: "Joure is fijn, maar het belang ligt bij de provincie. Wat is het beste voor de zorg in Fryslân?"
Gemeentehûs De Fryske Marren Stock
It gemeentehûs fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In mooglike lokaasje wol Tabak net op foarútrinne. "Zo ver is het niet. Als de vraag komt, gaan we kijken naar een geschikte locatie. Dit is alleen een proces dat jaren kan duren."
De lokaasje dy't it meast foar de hân leit, is op it plak fan de âlde rotonde: tusken De Jouwer en de A7 en A6 yn. Tabak: "Dat ligt voor de hand, maar formeel ligt die vraag er niet. En dus gaan we ook niet kijken of dat geschikt is."
Foar de riedsleden sels is dat ek noch gjin punt fan diskusje. Dy sizze allegear dat se each ha foar de soargen dy't libje by de buorgemeenten.
"Dy soarchfraach leit fansels wol by de beide sikehuzen en de soarchfersekerder. Dy sille dêr mei de beide gemeenten oer prate moatte", seit Gerda de Vries-Suierveld fan de FNP.

"Oars falt ien om"

CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden: "Dêr sit de emoasje. Dêr moatte je nei sjen." Hy fynt, krekt as de wethâlder, dat je nei it brede belang fan Fryslân sjen moatte. "It is moai as it tichtby komt, mar je moatte it breder sjen. De kwaliteit fan de soarch yn de regio giet achterút as je neat dogge."
Dêrom fynt fraksjefoarsitter Sippy van der Meer fan GrienLinks-PvdA dat it in provinsjaal probleem is: "As dit derút komt, moatte wy ús derby dellizze. Ik bin no wol oertsjûge dat der ien omfalt as we neat dogge."
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan de Thialfweg (ziekenhuis)
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan de Thialfweg © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De bestjoerders fan de sikehúzen sjogge tefreden werom op de earste ynformaasjesesjes mei de gemeenterieden. Bestjoerder Tjeerd Rijpma fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean sjocht dat it boadskip oankomt: "Gemeenterieden sjogge in sikehûs net graach ferdwinen. Ik tink dat der troch ús útlis wol begryp is foar de problemen dy't wy tsjinkomme. Dêr kreëarje je al draachflak mei tink ik."
Wat se benammen dúdlik meitsje woene de ôfrûne tiid is dat it giet om it Fryske belang, seit Marcel Kuin, bestjoerder fan it Antonius-sikehûs yn Snits. "Wy begripe wol dat it net leuk is as it sikehûs ferdwynt, mar it giet om it gruttere plaatsje dêr efter."

Om tafel

De kommende tiid leit der noch in soad wurk. De bestjoerders wolle no sa gau as mooglik om tafel mei húsdokters, ferloskundigen en oare belanghawwenden.
Rijpma: "Wy wolle ek mei de Friezen sels om tafel. Wy wolle witte wat foar harren fan belang is om dit plan slagje te litten. En dat wer't in sikehûs ferdwynt, goede soarch bliuwt."