Donorbank siket Fryske froulju dy't mei Leidsk sperma mem wurden binne

anp
It LUMC © ANP
It Leids Universitair Medisch Centrum (LUMC) siket froulju út Fryslân dy't by dat sikehûs in fruchtberheidsbehanneling hân ha fan in spermadonor. It argyf fan de yntusken sletten spermabank fan it sikehûs is ûnfolslein en in gaos.
Ut it argyf is bygelyks net mear te achterheljen wêr't de behannele froulju no wenje, meldt Omroep West. It is wol dúdlik dat de measte behannelingen by froulju út it westen wienen, mar der binne ek in pear reidsjes mei sperma nei Ljouwert en Grins ta brocht.

"Geschrokken"

By wa't dat sperma terjochte kaam is en wat der krekt mei gebeurd is, is lykwols net fêstlein. "Wij zijn hier erg van geschrokken", seit Martin Schalij. Hy is fan de Ried fan Bestjoer fan it LUMC.
It sikehûs yn Leiden siket Fryske froulju dy’t dêr in fruchtberheidsbehanneling krigen
"We hebben kunnen achterhalen dat er via onze kliniek ongeveer 1.100 kinderen zijn verwekt bij 735 moeders. Maar we kwamen ook een aantal donoren tegen die wel heel veel kinderen hebben gekregen. Daar wisten ze zelf overigens niets van."
Sûnt 1992 is de rjochtline dat ien donor op syn meast 25 bern ferwekke mei. Foar dy tiid wie dy rjochtline der net, mar holden dokters der wol rekken mei.
Schalij jout in foarbyld: "Een donor heeft tegen de negentig nakomelingen, dat vind ik wel een heel zorgelijk aantal." Boppedat ûntbrekke gegevens fan guon donoaren, dy't dus folslein ûnbekend binne.

Argyf in rommeltsje

De gaos kaam oan it jocht nei't ferskate neikommelingen by it sikehûs gegevens opfrege hienen oer de donor mei wa syn sied se ferwekt wienen. It sikehûs besleat it argyf nei dy oanfragen ris te digitalisearjen en better te ûndersykjen. Doe waard dúdlik dat it in rommeltsje wie.
"Je moet denken aan archiefkasten die uitpuilen, ordners en allerlei bakjes waar papieren inzitten, en daar moet je dan in gaan zoeken", seit Schalij.
LUCM-bestjoerder Martin Schalij
LUCM-bestjoerder Martin Schalij © Omroep West
Yn totaal wienen der 115 donoaren. Fan njoggen fan har is no fêst komme te stean dat harren sied by te folle behannelingen brûkt is: mear as 25. Ien donor hat dus sa'n njoggentich neikommelingen, mar der binne ek guon by mei santich, sechstich of tritich.

Lanlik ûndersyk

It LUMC pleitet no foar in lanlik ûndersyk nei alle fruchtberheidskliniken en spermabanken yn Nederlân.
"We hebben een aantal kinderen van wie we niet weten wie de donor is", seit Schalij. "Het zou kunnen dat daar Leids zaad is gebruikt, ook als ze in Fryslân wonen. Het is dus belangrijk dat ze zich melden."

Undersyk 'krúsjaal'

It giet fier werom: de donorbank bestie fan 1977 oant en mei 2004: "Het zijn ook kinderen uit de jaren 80. En het zou best kunnen zijn dat een aantal van die negen donoren ook de vader blijkt te zijn van deze kinderen en dan wordt het aantal nog groter."
Undersyk is dus "cruciaal", as it oan him leit. "Het kan zijn dat andere spermabanken het helemaal op orde hebben. Dat zou natuurlijk geweldig zijn, maar je weet het niet. En om nu voor eens en voor altijd een einde aan de discussie te maken pleiten wij voor een groot landelijk onderzoek."
It ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport moat dêryn neffens him it foartou nimme.
Ik praat het niet goed, maar we moeten daar moeten met elkaar wat mee.
Martin Schalij oer hoe't de argiven derút seagen
Hoe't it kin dat dy administraasje sa'n gaos wurden is, wit Schalij net. "Het komt uit de tijd van kaartenbakjes en in de afgelopen veertig jaar kan het best zijn dat er een kaartenbakje eens verdwenen is. Ik praat het niet goed, maar we moeten daar moeten met elkaar wat mee."

Jan Wildschut

It LUMC kin net útslute dat der ek bern ferwekt binne mei it sied fan de 'Zwolse spermadokter' Jan Wildschut. Dy ferwekte yn it Isala sikehûs yn Zwolle minstens 47 donorbern mei syn eigen sperma. Hy wurke ek yn Leiden as adviseur. Der binne gjin sinjalen dat er dêr ek syn eigen sied brûkt hat, mar se kinne it yn Leiden dus net útslute.
It sikehûs yn Leiden ropt no froulju op dy't behannele binne mei sied fan de spermabank dêr om har te melden, ek as se yn Fryslân wenje. Dat jildt ek foar harren bern en mooglike beppesizzers.