Harns fiert aksje foar selsmoardprevinsje: "Asjebleaft praat deroer"

Ynformaasje fan 113 Zelfmoordpreventie op bankjes
Ynformaasje fan 113 Zelfmoordpreventie op bankjes © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Der wurde ein dizze moanne buordsjes fan 113 Zelfmoordpreventie fêstmakke op bankjes troch hiel Harns. Doel is om te praten oer treurige gedachten. Der is in kampanje opset mei de namme 1K Z1E J3.
De tredde moandei fan jannewaris stiet bekend as Blue Monday, dat soe de meast deprimearjende dei fan it jier wêze. Hoewol't net hielendal dúdlik is oft dat echts sa'n minne dei is, is der wol faak omtinken foar mentale problemen.
"Mar eins hat dit alle dagen oandacht nedich", sa seit wethâlder Hendrik Sijtsma fan Harns. Dêrom de aksje mei de buordsjes op bankjes.
De lokaasjes fan de buordsjes is taktysk keazen. "Op plakken dêr't je miskien sitten geane as je treurich binne. Mar ek op plakken dêr't in soad minsken byelkoar komme."
Want ek yn Harns is dat nedich. "Ik tink dat it yn elke mienskip oan de oarder is, spitigernôch", seit Sijtsma. "Praat der asjebleaft oer mei-inoar."