Gjin transferfjoerwurk ferwachte by Cambuur: "Michael Breij bliuwt gewoan"

Sporcast Geert Andor Arjen Roelof
Geert van Tuinen, Andor Faber, Arjen de Boer en Roelof de Vries © Omrop Fryslân
Der wurdt dizze winterske transferperioade gjin fjoerwurk ferwachte by SC Cambuur. Dat is tritich kilometer fierderop by sc Hearrenfean hiel oars. En yn de Sportcast is beslach lein op it 'polletje' fan Andries Noppert.
As it om fuortgeande spilers giet yn Ljouwert, dan komme de nammen fan Milan Smit en Michael Breij al gau nei foaren. Smit is topskoarer fan Cambuur mei fjirtjin goals. Breij makke der njoggen, mar as middenfjilder is dat ek in hiel aardich oantal. "Breij is yn bloedfoarm", seit sportferslachjouwer Geert van Tuinen.
"It soe my net fernuverje as der belangstelling komt foar Breij. Ik tink oan in klup yn need dy't in middenfjilder mei dynamyk nedich hat", fertelt Van Tuinen. "Mar de fraach is oft dat foar him wol ferstannich is."
Sportferslachjouwer Andor Faber tinkt fan net: "Michael Breij bliuwt dizze transferperioade gewoan by Cambuur. Hy wol sels graach nei it bûtenlân. As ik him wie, hie ik dit seizoen útspile by Cambuur. Yn de simmer is er transferfrij en kin er kieze wêr't er hinne giet."
Sjoch hjir nei de Sportcast fan dizze wike:
Drok wurdt it by Hearrenfean wol. Der is belangstelling foar Sven van Beek, Anas Tahiri, Osame Sahraoui én Thom Haye. Dy lêste kin nei Como, dat tredde stiet yn de Italiaanske Serie B. "De kâns dat Haye fuort giet, is hiel grut", wit sportferslachjouwer Roelof de Vries.
Hy soe it wol in gemis fine foar de Feansters. "Ik fyn Haye ien fan de belangrykste spilers. It soe in ierlitting wêze as er nei Como giet. De klups moatte der noch útkomme."

Reuzedeader Hercules

Cambuur spilet tongersdei yn de achtste finale fan de KNVB-beker tsjin USV Hercules. Dy klup soarge foar in meunsterstunt troch Ajax yn de foarige ronde mei 3-2 te ferslaan.
Dat nei Ajax no Cambuur út de lotting kaam, dêr fûnen se by Hercules wol wat fan, fertelt keeper Pepijn Vonk. "We waren niet teleurgesteld, maar je hoopt wel op Feyenoord of PSV-uit. Maar Cambuur is ook gewoon een profclub en het is gewoon mooi om tegen zo'n team te spelen."
Doelman Pepijn Vonk fan Hercules yn de bekerwedstriid tsjin Ajax
Doelman Pepijn Vonk fan Hercules yn de bekerwedstriid tsjin Ajax © Omrop Fryslân
Vonk ferwachtet in drege wedstriid. Yn tsjinstelling ta it duel mei Ajax wurdt de wedstriid tsjin Cambuur net yn De Galgenwaard spile, it stadion fan FC Utrecht, mar op harren trainingskompleks Zoudenbalch. "Dat is wel een teleurstelling", fynt Vonk.
"We hadden gehoopt dat FC Utrecht zou inzien dat het voor de stad, de club en het Utrechts voetbal wel mooi zou zijn om een volle Galgenwaard te hebben. Nu wordt het voor 1.100 man op Zoudenbalch. Niets mis mee, maar het had nog mooier kunnen zijn", seit de keeper yn de Sportcast.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.