Ljouwerter muzikant Remko Hoitsma ferstoarn

Remko Hoitsma ferstoarn yn 2024
Remko Hoitsma © Omrop Fryslân
Muzikant en teätertechnikus Remko Hoitsma út Ljouwert is ferstoarn. Muzyk wie syn libben. Hy spile meardere ynstruminten en hie in lange steat fan tsjinst.
Remko wie in echte Ljouwerter. Fan hûs út wie er toetsenist. Hy spile ek gitaar en akkordeon. In man fan de foargrûn wie er net. Mear in fêste krêft op de achtergrûn op wa'tst bouwe koest. Oan wa'tst de leafde foar de muzyk ôf sjen koest.

Lange steat fan tsjinst

Hy hat in soad by de ein hân en rûnom optreden. Mar altyd kaam er werom op syn thúsbasis, it stedsje mei de skeve toer de Aldehou. Sa siet er ûnder oare by The Pink Floyd Project, by de Eelco Gelling Band en de ferneamde Fryske feestband Lays. Fierders begelate Remko sjongkoaren op 'e piano en wie er faak te finen yn it Ljouwerter muzykkafee Scooters dêr't er jamsessys die of ynfalmuzikant wie.
Hy fertsjinne ek de kost mei it fak teätertechnikus. Sa wie er de technyske man by foarstellingen fan Inez Timmer. De lêste foarstelling dêr't er lûd en ljocht by die, wie Nachtingang fan Martijn van Limbeek.

Sint Pitermearke

Wat persoanlik hiel wichtich foar him wie, wie it Sint Pitermearke yn Grou. Hy waard frege de muzyk te fersoargjen foar it mearke. Syn heit hie dat foarhinne ek dien. As Frysktalich Ljouwerter jonkje gie Remko faak mei nei it mearke yn Grou. Letter soe hy sels ek in fiiftal jierren oan it mearke ferbûn wêze. As komponist, pianist, arranzjeur en muzikaal lieder.
De lêste jierren wiene net maklik foar Remko. Earst kaam de corona. Syn bedriuw foar lûd en ljocht by foarstellingen hie dêrfan te lijen. Doe kaam de sykte. Yn in langer petear dat er begjin ferline jier hie mei Willem de Vries yn Noardewyn wie er iepen oer syn kanker.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries in jier ferlyn hie mei Remko Hoitsma:
Mar hy gie de striid oan. Der folgen bestrielingen en gemokueren. Yn it begjin slagge it him noch wol om te wurkjen. Dat koe, want syn gemo wie op moandeis en it wykein dêrnei wie it wurk. Hy wie freelancer, dus as it heal koe, moast it wurk trochgean. En nei in swiere operaasje koe er nei moannen dochs ek wer oan it wurk.

Posityf bliuwe

Doe't letter syn bloedwearden wer net goed wiene, gie er der opnij fol yn. Elke dei is der ien. Posityf bliuwe, dêr hâlde er him oan fêst. Der kamen gjin nije tumoaren mear by en dejinge dy't der wiene, waarden mar in hiel lyts bytsje grutter.
De wurden fan in dokter yn Grins drukten him mei de noas op de feiten. 'U gaat hier op enigerlei moment aan overlijden.' Dat hat him lang troch de holle spile. Oant er by himsels tocht: dat seit allegearre neat. Hy koe ek ûnder in bus komme of in hertoanfal krije. Lykas syn heit dy't Parkinson hie en op syn 55ste stoar oan in hertoanfal. Yn syn sliep.

Lêste muzykjûn

Ferline jier is der noch jild ynsammele om yn kafee Scooters in muzykjûn foar Remko te hâlden dêr't er sels ek by wêze koe.
Like iepen en nuchter as Remko wie oer syn sykte, wie er ek oer syn lêste reis. Hy makke syn dea sels bekend op syn Facebookaccount: 'Als jullie dit lezen, ben ik er niet meer.' It smiet in soad reaksjes op.
Remko Hoitsma ferstoar op 12 jannewaris 2024. Hy is 58 jier wurden. In Ljouwerter muzikant is net mear.