Steatssekretaris striidt foar spriedingswet: de grutte fraach is wat de senaat wol

Steatssekretaris Eric van der Burg yn de Earste Keamer
Steatssekretaris Eric van der Burg yn de Earste Keamer © ANP
Mei de spriedingswet wurdt it opheinen fan asylsikers in gewoane gemeentlike taak. Steatssekretaris Eric van der Burg sei dat tiisdei yn de Earste Keamer by de ferdigening fan de spriedingswet.
Dy wet moat soargje foar in bettere sprieding fan de asylsikers oer alle gemeenten yn Nederlân. Neffens de steatssekretaris is dat hurd nedich.
"Ter Apel met 26.000 inwoners vangt nu evenveel asielzoekers op als heel Noord-Holland met 2,6 miljoen inwoners. Dat is niet houdbaar. Deze wet moet zorgen voor meer solidariteit."
Steatssekretaris striidt foar spriedingswet: de grutte fraach is wat de senaat wol
De spriedingswet betsjut net dat eltse gemeente yn 'e takomst ferplichte is om in asylsikerssintrum ûnder te bringen. "Als gemeentes er in provincieverband voor kiezen om de opvang in een aantal gemeentes te concentreren, dan is dat ook goed."

Fryske gemeenten

Op de Fryske fêste wâl hawwe op dit stuit allinnich de gemeenten Dantumadiel, Eaststellingwerf en Weststellingwerf gjin asylopfang. De Waadeilannen binne fanwege de grutte krapte oan wenromte frijsteld om asylsikers ûnder te bringen.
Steatssekretaris Eric van der Burg yn de Earste Keamer
Steatssekretaris Eric van der Burg yn de Earste Keamer © ANP
Ut namme fan alle gemeenten, provinsjes en de tolve kommissarissen fan de Kening frege de boargemaster Jean Paul Gebben fan Dronten de Earste Keamer tiisdeitemiddei om "met hoofd, hart en buik te stemmen, en niet politiek te stemmen."
"Ik zou bijna zeggen: wij smeken u om voor de spreidingswet te stemmen", sei Gebben by it oanbieden fan de mienskiplike petysje oan senator Alexander van Hattem (PVV), de foarsitter fan de senaatskommisje Immigratie en Asiel.

Stipe fan minder grutte partijen

It is noch hieltiten ûnwis oft de spriedingswet yn de Earste Keamer op in mearderheid rekkenje kin. Steatssekretaris Eric van der Burg besocht yn syn ynlieding om sa goed mooglik antwurd te jaan op alle fragen fan de politike partijen.
Hy socht dêrby mei klam ek om de stipe fan de 'minder grote partijen' as OPNL en 50PLUS, omdat dy syn wetsfoarstel mooglik oan in mearderheid helpe kinne.

Van der Goot

Dêrmei kin ien fan de beskiedende stimmen ek fan in berne Fries wêze: Auke van der Goot, dy't foar OPNL yn de Earste Keamer sit. OPNL is in gearwurkingsferbân fan regionale partijen, wêrûnder de FNP.
Senator Auke van der Goot (OPNL), berne yn Huzum
Senator Auke van der Goot (OPNL), berne yn Huzum © ANP
Van der Goot fynt de spriedingswet "niet moeders mooiste." Hy wol yn ruil foar stipe in oantal tasizzingen.
Sa wol hy wissigens dat de komst fan lytsskalige opfang foar asylsikers net tsjinwurke wurdt. Fierder wol hy dat it kabinet twa ton oan Drinte jout, dat de provinsje no sels útlutsen hat foar it bestriden fan oerlêst troch asylsikers.

Trochpleatslokaasjes

Van der Burg fertelde fierder dat er fan doel is om statushâlders sa gau mooglik troch te pleatsen nei 'doorplaatslocaties', sadat dy net langer plakken yn in asylsikerssintrum of oanmeldsintrum beset hâlde.
Mei dat ferhaal besocht Van der Burg yn 'e mjitte te kommen oan de winsk fan de BBB, dy't hjir moandei al foar pleite.
Mei de spriedingswet wurdt sa'n operaasje in stik makliker, sei Van der Burg. "Ook zonder spreidingswet moeten we nog steeds tienduizenden plekken creëren. Het zal dan alleen een stuk moeilijker gaan, omdat je het dan met veel minder gemeentes moet doen."
Ik wil dat de sterkste schouders de zwaarste lasten gaan dragen. Nu is dat precies andersom.
Steatssekretaris Eric van der Burg
Neffens Van der Burg is de spriedingswet hurd nedich om in ein te meitsjen oan de ûngelikense ferdieling fan de asylopfang yn Nederlân. De steatssekretaris fynt dat de druk op Noard- en East-Nederlân no te grut is en dat jildt yn it bysûnder foar de gemeente Westerwolde, dêr't Ter Apel leit.
It spant derom yn de Earste Keamer
It spant derom yn de Earste Keamer © ANP
"Het accent moet meer naar het Westen van het land verschuiven. Daar hebben we de spreidingswet voor nodig. Ik wil dat de sterkste schouders de zwaarste lasten gaan dragen. Nu is dat precies andersom."
Ferskate fraksjes yn de senaat seine moandei dat se benaud binne dat de spriedingswet ta in grutte ynstream fan asylsikers liede sil. Neffens Van der Burg is dy eangst net terjochte.