Kampioen hynstekeuring krijt it drok: "Miskien wol 180 merjes dekke"

Winner Jeppe 537
Winner Jeppe 537 © Omrop Fryslân
Jeppe 537 soarge sneon foar pikefel by de hynstekeuring yn Ljouwert. It hynder fan stoeterij Bommelsteyn fan Haskerhoarne waard dan ek útroppen ta algemien kampioen. Mar wat smyt sa'n kampioenskip op?
De winst op de hynstekeuring betsjut in soad foar fokkers, wit Henk Dijkstra. Hy is sels ek fokker en fungearret as speaker op in protte hynste-eveneminten. "Ik ken Jaap van der Meulen fan de winnende stâl goed. Hy is in grut leafhawwer en wurdt hjir hiel bliid fan."

Dekjild

Foar sa'n winnende hynst komt der in soad ynteresse. It soe samar kinne dat der minsken binne dy't Jeppe 537 keapje wolle. "Dan is it mar krekt wat de gek derfoar jout", seit Dijkstra. "In rike Amerikaan makket it neat út, dy keapet it foar eltse priis."
Mar Jeppe 537 sil net gau ferkocht wurde, tinkt Dijkstra. En dat hat net allinnich mei emosjonele bining te krijen. "Hy mei no miskien wol 180 merjes yn it jier dekke. It dekjild is eltse kear sa'n 1.200 oant 1.500 euro. Dus wêrom soenen je him dan ferkeapje?"
Henk Dijkstra as kommentator njonken Gerrit de Boer
Henk Dijkstra as kommentator njonken Gerrit de Boer © Omrop Fryslân
180 kear dekke yn it jier, wurdt dat net wat folle foar in hynst? Nee, stelt Dijkstra. "Hy dekt alle dagen in kear. Earder moasten se naturel dekke, mar no giet it hast allegear mei keunstmjittige ynseminaasje. Hy docht it eltse moarn even in kear, bygelyks om 9.00 oere moarns. Dus 180 merjes moat kinne."

Momintopname

"Hy is no wol kampioen, mar dat is mar in momintopname", seit Dijkstra oer Jeppe 537. "It wichtichste is dat er syn eigen kwaliteit ferervet. In jier foarút wurde de earste fôltsjes berne. Dy wurde tusken de tredde en sechsde moanne troch it hiele lân jurearre. Dan pas krijst in goede yndikaasje oft it in goede fererver is."
Jeppe 537 (rjochts) by de hynstekeuring fan dit jier
Jeppe 537 (rjochts) by de hynstekeuring fan dit jier © Omrop Fryslân
Uteinlik doel is om dy fôltsjes sa op te fokken dat se ek skitterje kinne op keuringen. De sjuery beoardielet de hynsten dêrby op rastype, draf, stap, bou en skonken. By in keuring as dy yn Ljouwert binne ekstra komplisearjende faktoaren: it publyk en de muzyk.

Untspanning wichtich

"De hynsten moatte dêrom traind wurde om optimaal ûntspannen te wêzen", seit Dijkstra. "Dêr hawwe se spesjale trainingsfoarmen foar. Sa moatte hynsten yn in trainingsromte lonzjearje (in hynder rint dêrby rûntsjes, red.). Op dy wize moat it sa natuerlik mooglik wurde. Boppedat is in hynder dat stilstiet minder soepel as in hynder dat yn beweging komt."
Guon hynders hawwe neffens Dijkstra baat by de drokte fan it publyk, de flaggen en de muzyk. "Dat soarget foar adrenaline by in hynder. Dan geane de earkes omheech en tinkt er: wat is dit hjir? Dat wurket as doping."
Gjin Jurre 495
Ferrassend genôch helle fiiffâldich winner Jurre 495 de finale net. "Jurre staat natuurlijk bekend om zijn draf, maar moest het dit keer toch afleggen tegenover Jeppe 537 vanwege exterieur", seit sjueryfoarsitter Sabien Zwaga.
Mei it 'eksterieur' wurde uterlike kenmerken bedoeld. De sjuery hat echt nei de details sjen moatten, seit Zwaga. "Zoals de manenkam en de bouw van het paard."
Om in keuring te winnen, moat in hynst der echt útspringe. En dat die Jeppe 537 sneon. Dijkstra: "Dat wie in pikefelmomint. It publyk en de sjuery rekken troch him yn ferfiering. Wy wienen euforysk, yn ekstaze troch hoe't er him manifestearre en troch de pyste walste."