Pianomuzyk galmet op blue monday troch Ljouwerter stasjonshal foar in goed sin

IMG_4963
Pianist Dimitris Karkoulias út Grikelân © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Foar de ien is it in dei as alle oaren, de oar stapt dochs echt mei in flink min sin om. It is blue monday: de tredde moandei yn jannewaris, dy't troch in soad minsken as 'meast deprimearjende dei' sjoen wurdt.
Blue monday is net wittenskiplik te bewizen as meast deprimearjende dei fan it jier, mar it feit dat ús brein posityf reagearret op it hearren fan klassike muzyk wól. Dêrom waard der moandei live pianomuzyk spile yn it stasjon yn Ljouwert.
It giet om in inisjatyf fan stedsskouboarch De Harmonie. Dy bestiet 150 jier. Om het jubileum mei reizgers te fieren en om har sin wat fleur te jaan, ha se yn de stasjonshal in piano delset.
Yn gearwurking mei it Prins Claus Conservatorium yn Grins spylje pianisten klassike stikken:
Pianomuziek schalt op blue monday door Leeuwarder stationshal voor een goed humeur NIJ
"We wilden in samenwerking met de NS een positieve draai geven aan deze dag", seit regisseur Ira Judkovskaja. "Reizigers reageren heel verrast. Sommigen blijven even staan om te kijken, vragen wat voor stuk er gespeeld wordt of maken een foto."
Pianisten Dimitris Karkoulias út Grikelân en Emi Trnka út Bosnië en Herzegovina spylje moandei stikken fan Rachmaninov, Debussy en Bach.
It past yn de line fan klassike muzyk dy't ek de stedsskouboarch dit jier kiest. Yn febrewaris stiet de wrâldferneamde pianiste Maria João Pires yn De Harmonie.
Wurklju dy't moarns oan it wurk binne op it stasjon, ha spesjaal wachte mei boarjen om de reizgers goed hearre te litten nei de klassike pianomuzyk fan Emi en Dimitris.
Dy lêste hie sels ek wol in bytsje in dreech begjin fan de dei, mar nei't er begûn mei pianospyljen waard dat in stik better. "It's awesome to play on a train station", seit er.
Pianist Dimitris Karkoulias
De pianisten spylje moandeitejûn noch in kear op it Ljouwerter stasjon.
Blue monday wurdt ek wol de meast deprimearjende dei fan it jier neamd. De dei falt meast op de tredde moandei fan jannewaris. Blue monday is lykwols net basearre op wittenskiplik ûndersyk, mar waard lansearre as marketingstunt.
Mooglike oarsaken dy't jûn wurde foar blue monday binne de tsjustere, koarte dagen, mar ek goede foarnimmens dy't minsken net wiermeitsje kinne. En op moandei soe dyn sin in djiptepunt berikke omdat de wurkwike wer begjint.