Liveblog | 15 jannewaris

112-nijs 15 jannewaris: Auto út it wetter fiske by Skier | Ungelok troch glêdens op Skylge

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 15 jannewaris, 22:31
22:31

Glêdens soarget foar ûngelok op Skylge

Auto fan de dyk troch glêdens op Skylge
Auto fan de dyk troch glêdens op Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
By in ûngelok krekt bûten West-Skylge is de bestjoerder ferwûne rekke. Nei alle gedachten is de auto troch glêdens fan de dyk rekke. Troch de boskjes hinne bedarre de auto úteinlik yn de tún fan in fakânsjepark.
Ferskate helptsjinsten kamen teplak. It slachtoffer is by kennis, mar hat nekklachten.
Der is net struid op Skylge, de helptsjinsten ha niiskrekt in driuwend berop dien op de gemeente om dat wol te dwaan. It KNMI hat koade giel ôfjûn om te warskôgjen foar de glêdens.
21:11

Auto yn Harns brânt út

Auto yn Harns brânt folslein út
Auto yn Harns brânt folslein út © CAMJO media
Yn de Amaliastraat yn Harns is jûn in auto folslein útbrând. De brânwacht krige om ûngefear 20.30 oere de melding en doe't se ienkear teplak wienen, stie de auto al hielendal yn 'e brân. Dêr wie neat mear oan te rêden.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.
16:55

Auto út it wetter fiske by Skiermûntseach

By Skiermûntseach is moandei in auto út see helle. De auto wie oan de eastkant fan de fearsteger rôle, yn 'e rjochting fan Balg. De auto hie op dat stuit gjin ynsitters. De KNRM hat de auto yn 'e mande mei de gemeente en in útfieringsbedriuw út it wetter fiske.
Neffens in wurdfierder fan e KNRM wie it in "vervelende samenloop van omstandigheden". Der steane wol faker auto's parkearre fan minsken dy't op it eilân wurkje. Hoe't de auto krekt yn it wetter bedarje koe, is by de KNRM net bekend. De auto stiet yntusken wer op 'e drûchte.
16:10

Dea persoan yn wetter yn Wommels

De plysje hat in lichem fan in dea persoan fûn yn it wetter oan de Walperterwei yn Wommels. Dat wie in oere lyn.
De deadsoarsaak en de identiteit binne noch net bekend, dêr docht de plysje op it stuit ûndersyk nei.
14:31

160 oeren wurkstraf foar stekpartij by stasjon Ljouwert

In 40-jierrige man fan Ljouwert is foar in stekynsidint feroardiele ta in wurkstraf fan 210 oeren, wêrfan 50 oeren ûnder betingst. De man helle op 23 oktober 2022 op it Stasjonsplein mei in skerp foarwerp út nei it gesicht fan in oare man.
Der binne ek kamerabylden fan it ynsidint, dy binne toand yn de rjochtbank. Der is net goed te sjen wat de fertochte krekt yn 'e hân hie, mar wis it wol dat it om in puntich foarwerp gie. It slachtoffer ferklearre dat it in bûsmes mei in skroevedraaier gie.
Al langer yn konflikt
De konfrontaasje soe út in al langer rinnend konflikt weikomme tusken beide manlju. It wie neffens advokaat Marco van der Pol net de earste botsing tusken harren. Sa soe der yn july 2022 ek al ris fochten wêze by it stasjon. Doe waard in freon fan de fertochte mei in mes stutsen. By it hûs fan de fertochte soene meardere kearen ruten ynsmiten wêze.
De fertochte moat him melde by reklassearring, moat behannele wurde en moat meiwurkje oan alkohol- en drugskontrôlen, sa oardiele de rjochter. Fierder krijt it slachtoffer 1.250 euro smertejild, om't er in groede yn 'e wang oerhold oan it stekken.
10:16

Wa is Go?

beurske earmban fermogensdelikt plysje
Wa is de eigener fan it beurske en it sieraad? © Operationeel Expert Hugo Roossink
De plysje is op syk nei de eigener fan in âld beurske en in sieraad. It guod waard oantroffen yn in ûndersyk nei in fermogensdelikt.
It giet om in goudkleurich sieraad mei fjouwer opsteande blêden en in grien beurske mei in sulveren sluting, mei dêryn in bryfke mei de tekst:
"Dit beursje is van Go want Klaas + Gerrie hebben er een gehad toen jullie trouwde. En hoop dat jullie het nakomen. Vader + Moeder de Jong".
Minsken dy't tips ha, kinne har melde by de plysje.