Seizoen sit derop foar Sjinkie Knegt: "Mar ik hear noch altyd by de bêste trije fan Nederlân"

Sjinkie Knegt
Sjinkie Knegt © Omrop Fryslân
It seizoen sit derop foar Sjinkie Knegt. Hy hat him dit wykein net pleatst foar de wrâldbeker en dêrtroch mist hy ek it WK. De 34-jierrige Knegt hat in weardeleas seizoen, mar hy tinkt der net oer om op te hâlden. "Ik fyn it spultsje te leuk."
It is sneintemoarn om in oere as alve wannear't Knegt oankomt yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Teamgenoaten as Itzhak de Laat ride in pear oeren letter yn it Poalske Gdansk op it Europeesk Kampioenskip. Dêrfoar hat Knegt him net pleatst.
Dêrom ried hy dit wykein in toernoai om him te pleatsen foar de wrâldbeker yn Dresden. En as je dêr goed ride, sit in plak op it WK yn Rotterdam der miskien ek noch wol yn.

Tsjin de klok

Freed ried Knegt trije saneamde time-trials, in soart tiidrit. Sneon die hy mei oan de 500 en 100 meter. Snein stie noch de 1500 meter op it programma. Oer dy trije ôfstannen wurdt in klassemint opmakke. De nûmer ien dêrfan pleatst him foar de wrâldbeker yn Dresden.
"De time-trials wiene by my as altyd, matich", fertelt Knegt. "De 1000 meter wie op sich wol kreas. Doe kaam de 500 meter." Dy ôfstân is nea favoryt west by Knegt. "Ik die in oanfal en doe gongen we mei syn trijen ûnderút. Ik krige in bytsje lêst fan myn ankel."

Knegt hat in lyts sneetsje op syn ankel, neat earnstichs, mar ried de 500 meter net mear. Dêrtroch is hy útskeakele foar it earste plak. "Doe ha ik it op de 1500 meter noch wol besocht. It gong tussen Daan Kos en Bram Steenaart. Dus ha ik besletten my dêr net mear yn te mingen." Knegt wurdt op dy 1500 meter úteinlik fjirde.
Sjinkie Knegt besocht dit wykein yn Ljouwert noch wat fan syn seizoen te meitsjen
Knegt pleatst him dêrmei lang net foar de wrâldbeker. Mar sels as dat wol sa wie, wie der net gong. "As ik wûn hie, hie ik sawiesa oanjûn dat ik net meidwaan soe."
Syn freondinne is swier en rûn dy tiid útrekkene. En dus hie Knegt al beslist net mei te gean. "Dat kin je gewoan net meitsje. Dat dogge je dus ek net."

Seizoen dien?

"Ik wit net oft it klear is. Ik die hjir mei om sjen te litten wat ik wurdich bin", leit Knegt út. "Ik soe graach wolle dat it KNSB it seleksjedokumint nochris goed ûnder de loep nimt. As je no foar fiif fan de alve man it seizoen oergean litte, dan tink ik dat minsken oare prioriteiten stelle. En dat we rjochting it WK mar mei fiif man op it iis stean. En ik tink dat dat net yn it belang fan it Nederlânske shorttrack is."

Knegt tinkt dat je in gruttere groep riders motivearre hâlde moatte. "Shorttrack is in groepsproses. Dat kin je net mei fiif man traine. Je ha in man of tsien nedich. Mei fiif man kin je gjin fatsoenlike relays ride."
Ik fyn it noch altyd in machtich spultsje.
Sjinkie Knegt oer syn leafde foar it shorttrack
Knegt fynt dat hy, mar ek oare shorttrackers, noch sicht hâlde moatte op it WK. "Op papier is it klear. Eins sit dit seizoen derop. Mar kinst ek sizze: Der is noch in wrâldbeker in moanne foar it WK. Mar is immen dy't dêr goed is, op it WK noch altyd goed? Dat is gjin garânsje."

Dêrom fynt Knegt dat se de seleksjeproseduere better besjen moatte. "Ik fyn, sa as yn it ferline ek sjoen waard, dat je nei trainingen sjen moatte. Dan hâldt je in groep of tsien riders motivearre om kâns te hâlden op it WK. As je dat net dogge, dan ha jonges as Bram Steenaart neat mear om foar te riden. Dy hat it no ek net helle en studearret noch. Dan seit er miskien dat hy syn stuudzje de kommende tiid foarrang jout."

Bûnscoach

Knegt hat syn krityk oanjûn by Remy de Wit, de technysk direkteur en by Wilf O'Reilly, dissiplinemanager fan it reedrydbûn. "En dan sizze se dat ik wis in goed punt ha en dat se der sjen sille. Mar oft se dat dogge, is fansels fraach twa."
Knegt krekt foar syn 1500 meter
Knegt krekt foar syn 1500 meter © Omrop Fryslân
Knegt utere ferline seizoen krityk op bûnscoach Niels Kerstholt. Hy neamde de gong fan saken rûn de technyske stêf 'een zootje ongeregeld'. Dêrnei krige hy in offisjele warskôging fan it reedrydbûn.
Yntusken is de relaasje mei Kerstholt wer goed. "Ik en Niels sitte gewoan goed op ien lijn."
Boppedat rjochtet de krityk him no foaral op de seleksjeproseduere. "Dêr kin Niels neat oandwaan. Dêr stiet hy fier by wie. En dat is miskien ek wol it probleem dat it Nederlânske shorttrack hat."

Net goed genôch

Dat Knegt dit seizoen mar ien kear in wrâldbeker ried en fierder neat, leit neffens him lykwols net oan de seleksjeproseduere, mar foaral oan himsels. "Dat ik no it EK net ried, kin ik allinnich mar mysels ferwite. Ik bin no net goed genôch."
Dizze simmer die Knegt mei oan it NPO1-programma The Biohack Project. De tarieding wie mei dêrtroch net goed. "Mar as ik in goeie simmer draai, bin ik derfan oertsjûge dat ik by de bêste trije fan Nederlân hear."
"Ik sjoch wat der om my hinne gebeurt. Ik wit dat myn simmer net fantastysk wie. As ik op trainingen sjoch, hoe ik meidwaan kin yn it spul. Ik tink dat ik it spul noch altyd better ûnder de knibbel ha as tachtich prosint fan de jonges dêr't ik mei train."

Ophâlde in opsje?

"Seker net. Gjin momint oan tocht. Omdat ik fiel dat ik it noch wol yn mei ha. Ik ha foar mysels in doel, en dat is my pleatse foar de Spelen. Ik tink dat dat mooglik is. Dat is realistysk. En ik fyn it gewoan in machtich spultsje."
Sjinkie Knegt
Sjinkie Knegt © Omrop Fryslân
Knegt fyn dat hy de krityk jaan moat. Net sa sear foar himsels, sa seit er, mar foar foaral shorttrack yn Nederlân. It gefaar fan in reedrider oan de ein fan syn karriêre, is dat guon syn krityk gau soer of net terjochte fine. "Ik snap wol dat minsken dat tinke. Mar dêr lûk ik my neat fan oan."
"Bang dat we ôfglide"
"Ik doch it wol mei in bepaalde reden. Omdat ik tink dat it it bêste is foar it shorttrack yn Nederlân. Ik snap ek hiel goed dat dy jonge jonges dy krityk net jouwe, omdat se dan bang binne dat it harren plak kostet."
Uteinlik beslut Knegt syn ferhaal mei syn eangstbyld. "Ik bin no bang dat we ôfglide. En dat moatte we net ha."