Liveblog | 14 jannewaris

112-nijs 14 jannewaris: Plysje siket mei helikopter nei fermiste man | KNMI jout koade giel om glêdens

Wolkom yn dit liveblog. Hjir hâlde wy dy op 'e hichte fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 14 jannewaris, 13:35
13:35

Plysje siket mei helikopter nei fermiste man

sykaksje fermissing Bûtenpost
De plysje hat mei in helikopter socht © ProNews Producties
Yn de omjouwing fan de brêge by Koatstertille hat de plysje fan 'e moarn mei in helikopter nei in fermiste man socht. Ek mei auto's is der by de wetterkant del socht.
De plysje hat bekend makke dat it giet om de 71-jierrige man út Bûtenpost. Hy is sûnt juster 17.45 oere fermist út syn wenplak. Neffens de plysje is hy mooglik fuortgien yn de omjouwing fan Koatstertille/Droegeham.
It sinjalemint fan de man is: slank postuer, griis krôljend hier en hy draacht in bril mei in rûn montuer, in swarte jas mei kapusjon, in donkerblauwe spikerbroek en brune koarte learzens sûnder fiters. Op de webside fan de plysje stiet in foto fan de man.
Minsken dy't ynformaasje oer dizze fermissing ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.
sykaksje fermissing Bûtenpost
Der is socht by de brêge fan Koatstertille © ProNews Producties
11:28

Koade giel fanwege glêdens

Koade giel
Koade giel © Omrop Fryslân
Foar hiel Nederlân, útsein it Waadgebiet, hat it KNMI koade giel ôfjûn fanwege kâns op glêdens. De koade giel giet yn Fryslân en de oare noardlike provinsjes yn om 22.00 oere en rint tiisdeitemiddei om 12.00 oere ôf.
Fan 'e jûn en yn de nacht is der kâns op glêdens troch it befriezen fan wiete parten fan it weidek en winterske delslach sa as hagel of snie, jout it KNMI fierder oan. Moandeitemiddei kin der noch hiel pleatslik glêdens foarkomme troch snieresten en yn 'e jûn wer troch froast en inkelde sniebuien.
11:24

Fytspaad Drachten ticht om reparaasje oan brêge

It fytspaad tusken de Suderskarren en de Oude Slingeweg by Drachten is moarn ticht, om't der in reparaasje útfierd wurde moat oan de brêge oer de Alddrait.
Mei hekken en buorden wurdt it fytspaad ôfset. It wurk sil nei alle gedachten ien dei duorje.
11:16

Man (71) út Bûtenpost fermist

De plysje is op syk nei in 71-jierrige man út Bûtenpost. De man wurdt sûnt justermiddei 17.45 oere fermist. Ek fannacht is der nei de man útsjoen, mar hy is net oantroffen.
Neffens in oprop op Burgernet hat de man in slank postuer, griis krôljend hier en draacht er in bril mei in rûn montuer, in swarte jas mei kapusjon, in donkerblauwe spikerbroek en brune koarte learzens sûnder fiters.
Minsken mei tips kinne 112 belje.
11:15

Goeiemoarn!

Yn dit liveblog hâlde wy dy op 'e hichte fan ûngelokken, brannen, fertragingen en ferkearsynformaasje yn Fryslân. Besjoch hjir it 112-nijs fan juster.