Frustraasje by sc Hearrenfean oer lykspul tsjin PEC Zwolle: "Je moet gewoon winnen"

Trainer Kees van Wonderen
Trainer Kees van Wonderen © Orange Pictures
Trainer Kees van Wonderen hat der gjin geheim fan makke nei de 2-2 fan sc Hearrenfean tsjin PEC Zwolle: de frustraasje wie grut. Nei kâns op kâns om te skoaren, ûntsnapte Hearrenfean mar krekt oan in nederlaach.
Pas yn de blessueretiid foel de lykmakker en koe Hearrenfean mei ien punt yn 'e bûse werom nei hûs.
"Je moet deze wedstrijd gewoon winnen", fersuchtet Van Wonderen. Der wienen genôch kânsen om de wedstriid rom te winnen, seit er. "En ook echt serieuze kansen, geen halve. Dat is superfrustrerend."
Kees van Wonderen sit fol frustraasje nei de wedstriid tsjin PEC Zwolle
Dochs relativearret er ek fuortendaliks. "Dit is ook sport. Je wilt dit niet, maar dit komt ook voor en dit heb je natuurlijk ook al vaker meegemaakt. Je voelt het ergens ook wel aankomen."
Dat gefoel bekrûpte Van Wonderen doe't PEC Zwolle de betide 1-0 foarsprong fan Hearrenfean hast in oere letter ferrassend feroare yn lykspul. "Dat gebeurde ook nog via een polletje. Echt schlemielig."

It 'polletje'

Doelman Andries Noppert soe in weromspylbal kalm oannimme, mar in 'polletje' siet 'm dwers: de bal stuitere op en Younes Namli fan PEC profitearre dêrfan.
"Daarna grijpen we verdedigend niet in, waardoor zij 2-1 kunnen maken", seit Van Wonderen. "Dan maak je op een ietwat gelukkige wijze nog de 2-2 en mag je nog blij zijn met een punt."
Ché Nunnely belibbe it moaiste momint fan it jier
De lette lykmakker kaam fan ynfaller Ché Nunnely. "Ik weet niet hoe hij erin ging, maar het is wel mooi dat je hier nog een puntje kunt halen", seit Nunnely oer syn doelpunt. "We hadden eigenlijk moeten winnen, want we hebben zoveel kansen gehad."
Dêrom wie der frustraasje en teloarstelling by syn ploech, mar Nunnely kin eins allinnich mar laitsje nei syn goal. "Degenen die zijn ingevallen, hoe we dan energie brengen in het spel, dan moest hij wel gewoon komen", seit er.
It jier is noch mar krekt begûn, mar foar him wie it al it moaiste momint fan it jier. "En ik hoop dat er nog mooiere momenten komen."
Luuk Brouwers: "Het was huilen met de pet op"
By Luuk Brouwers oerhearske nei de wedstriid de teloarstelling. "Als je puur kijkt naar de kansen die wij hebben gecreëerd, dan mogen we blij zijn. Maar als je het vervolgens gaat hebben over hoe je ermee om bent gegaan, dan denk ik dat het huilen met de pet op is."
Der sieten in soad moaie kânsen tusken, seit Brouwers. "Maar ja, dat balletje moet uiteindelijk toch over die lijn heen. De keeper hield ze ook tegen. Soms had ik het idee dat daar meer geluk dan wijsheid bij zat. Dan is het zuur dat je op deze manier op een gelijke stand komt", ferwiist er nei it 'polletje' fan Noppert.
"Als je dan uiteindelijk de 2-2 bekijkt, past dat misschien ook wel weer in de wedstrijd", seit Brouwers. "Wij missen de mooiste aanvallen en we scoren uiteindelijk zo'n ontzettend lelijke goal. Dat contrast is ergens lachwekkend."
PEC-trainer Johnny Jansen is ek net bliid mei it lykspul
Net allinnich sc Hearrenfean hie de pest yn, mar ek PEC-trainer Johnny Jansen en foargonger fan Kees van Wonderen wie net te sprekken oer de wedstriid.
"Drie minuten voor tijd staat het 2-1 voor. En als je kijkt hoe we die goal weggeven, met name de vrije trap en hoe makkelijk ze daar kunnen voetballen en een bal tussendoor spelen. Hij (Nunnely, red.) staat alleen voor de keeper. In die fase moet je ten koste van alles die overwinning binnenhalen", seit er mei in min sin.
"Heerenveen heeft inderdaad meer kansen gehad dan wij. Zo simpel is het ook. Maar nu heb ik dat gevoel."