Kâns op kâns foar Hearrenfean, dat pas yn blessueretiid punt pakt yn Zwolle

anp
Ché Nunnely besoarget Hearrenfean noch in punt mei syn treffer yn blessueretiid © ANP
sc Hearrenfean is oan in nederlaach ûntsnapt tsjin PEC Zwolle. Op besite by de ploech fan Johnny Jansen waard it 2-2. De lykmakker fan Hearrenfean kaam pas yn de blessueretiid minút op it skoareboerd.
Anas Tahiri soarge betiid yn de wedstriid foar de 0-1. Dêrnei krige Hearrenfean kâns op kâns, mar Zwolle naam yn de twadde helte in foarsprong. Ché Nunnely soarge der yn de blessueretiid foar dat Hearrenfean dochs in punt oerhold oan de wedstriid.
By Hearrenfean wie der gjin basisplak foar Osame Sahraoui. Hy wie net hielendal fit. Dêrom gong Simon Olsson fan it middenfjild nei de oanfal. Op rjochtsbûten wie der in basisplak foar Patrik Wålemark.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Brouwers, Tahiri; Wålemark, Van Amersfoort, Olsson.
Hearrenfean naam al betiid yn de wedstriid de lieding. Patrik Wålemark waard op de râne fan it strafskopgebiet tsjin de grûn wurke troch Anouar El Azzouzi. Skiedsrjochter Danny Makkelie joech earst in frije traap, mar nei yngripen fan de VAR krige Hearrenfean dochs in strafskop.
Anas Tahiri, dy't in basisplak hie omdat Olsson nei foaren skode, benutte de penalty en soarge dêrmei yn de sânde minút al foar 0-1.
Ferdigener Pawel Bochniewicz wie in kertier letter ticht by in ferdûbeling fan de foarsprong, mar syn ynset mei de holle rekke de peal. De frije traap wie fan Thom Haye, de spiler dy't fuort wol by Hearrenfean. It Italiaanske Como hat ynteresse en Haye sjocht it sels ek sitten.

Doelman Schendelaar de grutte man by Zwolle

De ploech fan Kees van Wonderen krige mear goede mooglikheden. Doelman Jasper Schendelaar kearde in ynset fan Pelle van Amersfoort en yn de rebound rekke Haye de bal net goed. Flak foar it skoft stie Van Amersfoort wer yn kânsrike posysje, no nei in stekpass fan Wålemark. De gelegenheidsspits koe de fraaie bal net promovearje ta doelpunt.
Jasper Schendelaar wie in grutte stean-yn-de-wei foar Hearrenfean
Jasper Schendelaar wie in grutte stean-yn-de-wei foar Hearrenfean © ANP
Sa't de earste helte einige, begûn de twadde: mei in kâns foar Van Amersfoort. Dizze kear wie it net Schendelaar dy't yn it paad lei, mar skode Van Amersfoort de bal oer.
Nei in goed oere spyljen, foel - út it neat - de lykmakker. Andries Noppert soe in weromspylbal kalm oannimme, mar in 'polletje' siet 'm dwers: de bal stuitere op, Noppert rekke de bal folslein ferkeard en Namli profitearre: 1-1.

Kânsen foar Hearrenfean, goals foar Zwolle

Mei trije frisse oanfallende krêften woe Van Wonderen it inisjatyf wer oernimme. Mei Daniel Karlsbakk, Ché Nunnely en smaakmakker Osame Sahraoui yn it fjild krige Hearrenfean ek al gau in grutte kâns. Karlsbakk krige de bal mei en stie each yn each mei Schendelaar. Links fan Karlsbakk stie Sahraoui frij, mar de spits woe it sels dwaan. Hy krige 'm net foarby de doelman.
De kânsen kamen mar en kamen mar. In heale omhaal fan Luuk Brouwers hie in doelpunt fertsjinne, mar dat telt net: de bal kaam - net foar it earst - tsjin de peal.
De goal foel oan de oare kant. Namli hie de bal op de achterline en smiet 'm foar. Dêr stie Lennart Thy, folslein frijrûn út de rêch fan Oliver Braude. Hy koe ienfâldich binnenkoppe.
Hearrenfean baalt nei de 2-1
Hearrenfean baalt nei de 2-1 © Orange Pictures
Schendelaar keepte yntusken de wedstriid fan syn libben. In kertier foar tiid kearde er in hurd skot fan Simon Olsson.

Dochs noch

Doe't it der hast net mear yn like te sitten, foel de lykmakker dochs. Nunnely brocht de bal yn en fia de fuotten fan Eliano Reijnders stuitere de bal hiel stadich oer de line.
Sa hâldt Hearrenfean in punt oer oan it duel, dat fol stie fan de kânsen foar de Friezen. Uteinlik mei de ploech fan Van Wonderen de hannen tichtknipe mei it lykspul.