Advokaat PowNed tsjinnet klacht yn by plysje oer hanneljen by Sunneklaas-ynsidint

Omrop PowNed woe yn desimber ferslach dwaan fan Sunneklaas
Omrop PowNed woe yn desimber ferslach dwaan fan Sunneklaas © ANP
De advokaat fan omrop PowNed hat in klacht yntsjinne by de plysje-ienheid Noard-Nederlân. De klacht giet oer it hanneljen fan de plysje by de besite fan PowNed oan It Amelân op 5 desimber.
Parseburo ANP hat de klacht fan advokaat Jens van den Brink yn hannen, mar de plysje koe freedtemiddei noch net befêstigje dat dy binnenkaam is.
In team fan PowNed luts yn desimber nei it eilân om ferslach te dwaan fan it feest Sunneklaas, in lokaal feest dêr't gjin minsken fan bûtenôf wolkom by binne. Dêrnei soe de ploech oanfallen en ramd wêze troch in auto, sa stiet yn de klacht.
Van den Brink melde earder al dat hy út namme fan PowNed dwaande wie mei it tarieden fan in klacht oer it hanneljen fan de plysje fan It Amelân. De plysje soe net folle aksje ûndernaam hawwe nei de ynsidinten en de PowNed-ploech koe gjin oanjefte dwaan op it eilân, sa seit de ferklearring.
PowNed die úteinlik meardere oanjeften op it fêstelân. Letter binne noch fertochten oppakt, dy't yntusken wer op frije fuotten binne mar fertochten bliuwe yn de saak.