Al mear as 10.000 kaarten ferkocht foar Slachtemaraton: "Het ging als een malle"

De start fan de Slachtemaraton yn 2016
De start fan de Slachtemaraton yn 2016 © Omrop Fryslân
Der binne al mear as 10.000 kaarten ferkocht foar de Slachtemaraton. Yn totaal binne der 15.000 beskikber. De maraton rint fan de seedyk by Easterbierrum oant Raerd en wurdt yn juny sûnt acht jier wer holden.
De kaartferkeap is sneontemoarn betiid úteinset. De measte kaarten wurde online ferkocht, mar der komt ek in inkeling del yn Raerd om fysyk in kaart te keapjen.
Sa as in man út Boalsert. "Ik wol moai betiid starte en hie gjin nocht om yn in wachtrige op ynternet te wachtsjen. It is in heal oere riden, dat haw ik der wol foar oer."
De kaartferkeap foar de Slachtemaraton rint as in spear
Op de dei fan de maraton - 15 juny - hopet er 78 jier te wurden. "Ik wol wol de minsken oanriede om goed te trainen. It is net neat fansels, it is wol 42,5 km. Even traine en dan komt it wol klear."

Kolleezje rint ek mei

De kaartferkeap is noch mar in heal oere los oft de boargemaster fan Súdwest-Fryslân, Jannewietske de Vries, komt ek del yn it senuwsintrum fan de organisaasje. De ferkeap sit yn it doarpshûs fan Raerd. De Vries komt kaarten keapjen foar it hiele kolleezje fan Súdwest-Fryslân.
Jannewietske de Vries keapet kaarten foar de Slachtemaraton
Jannewietske de Vries keapet kaarten foar de Slachtemaraton © Omrop Fryslan
Se lit in foto sjen út de groepsapp fan hurddraversskuon; it bestjoer fan Súdwest Fryslân hat der nocht oan. "We hawwe in strak plan om te trainen. Oars gean we tusken de middei mei de kolleezjefergadering te lunsjen. No sille we mei in broadsje yn de hân in slach om."
Natasja Kesteloo fan de organisaasje fan de Slachtemaraton fernimt ek dat it bot libbet. "In het eerste kwartier ging het als een malle, er gingen duizenden kaarten weg. De fanatiekelingen die graag wilden lagen voor de deur van internet, zeg maar."