Liveblog | 13 jannewaris

112-nijs: Plysje siket oerfaller kasino De Lemmer | Auto yn de sleat neist Wâldwei

Wolkom yn dit liveblog. Hjir hâlde wy dy op 'e hichte fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 13 jannewaris, 15:01
15:01

Auto yn de sleat neist Wâldwei

Auto yn de sleat yn Ljouwert
Auto yn de sleat yn Ljouwert © Kappers Media
Op de Wâldwei (N31) by Ljouwert is fan 'e middei in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre.
Ambulânsepersoniel hat de bestjoerder kontrolearre. In berger hat de auto út de sleat helle.
13:16

Oerfal op kasino fan De Lemmer

Plysje-auto by it kasino op De Lemmer
Plysje-auto by it kasino op De Lemmer © ProNews Producties
Der hat in oerfal west op in kasino oan de Villa Novalaan op De Lemmer. It personiel is dêr by bedrige. De plysje krige de melding even nei 12.00 oere. Sa't it no liket is der neat meinommen.
De oerfaller is útnaaid yn in donkere Audi Q2, type jeep. It kenteken fan de auto is ôfplakt. It giet nei alle gedachten om ien oerfaller, dy't donkere klean oan hat en in smel postuer hat.
De plysje hat in Burgernet-oprop dien. Dêryn freegje se minsken dy't de auto of de fertochte sjogge, te beljen mei it alarmnûmer 112 en om net sels aksje te ûndernimmen.
11:53

Advokaat PowNed tsjinnet klacht yn by plysje Noard-Nederlân

Advokaat Jens van den Brink hat út namme fan PowNed in klacht yntsjinne by de plysje-ienheid Noard-Nederlân oer it hanneljen fan de plysje by de besite fan de omrop oan It Amelân op 5 desimber. De klacht is yn hannen fan it ANP, mar de plysje koe freedtemiddei noch net befêstigje dat dy binnenkaam is.
In team fan de omrop luts yn desimber nei it eilân om ferslach te dwaan fan it feest Sunneklaas, in lokaal feest dêr't gjin minsken fan bûtenôf wolkom by binne. Dêrnei soe de ploech oanfallen en ramd wêze troch in auto, sa stiet yn de klacht.
Van den Brink melde earder al dat hy út namme fan PowNed dwaande wie mei it tarieden fan in klacht oer it hanneljen fan de plysje fan It Amelân. De plysje soe net folle aksje ûndernaam hawwe nei de ynsidinten en de PowNed-ploech koe gjin oanjefte dwaan op it eilân, sa seit de ferklearring.
PowNed die úteinlik meardere oanjeften op it fêstelân. Letter binne noch fertochten oppakt, dy't yntusken wer op frije fuotten binne mar fertochten bliuwe yn de saak.
11:38

Swierferwûne ynbrekkers komme út Ljouwert

De plysje hat de identiteit bekend makke fan de fertochten fan in ynbraak yn Himpens, dy't swierferwûne rekke binne by in plysje-efterfolging. It giet om twa manlju fan 33 en 34 jier út Ljouwert. Sy binne beiden oanhâlden.
10:24

Brân yn fersoargingstehûs yn Harns

brân Harns
De brân wie yn de keuken fan it fersoargingstehûs yn Harns © CAMJO media
Der hat brân west yn fersoargingstehûs Almenum oan de Midlumerlaan yn Harns. De brân wie yn de keuken fan it fersoargingstehûs. De brânwacht skaalde op nei middelbrân. De korpsen fan Harns en Frjentsjer hawwe de brân bestriden.
10:10

Plysje sjit op ynbrekkers yn Ljouwert

flechtauto ynbraak Himpens Ljouwert
De flechtauto rekke fan de dyk by it Drachtsterplein yn Ljouwert © CAMJO media
By in efterfolging troch de plysje binne yn Ljouwert twa fertochten fan in ynbraak swier ferwûne rekke. De flechtauto dêr't se yn sieten, rekke by it Drachtsterplein fan de dyk en kaam op 'e kop telâne neist it fytspaad ûnderoan it talúd.
De plysje krige om 01.15 oere hinne melding fan de ynbraak yn Himpens. Letter seach de plysje yn de omjouwing in fertochte auto. "Agenten hebben het voertuig staande gehouden, maar op een gegeven moment ging de auto ervandoor", seit plysjewurdfierder Matthijs van Houten. De plysje sette de efterfolging yn en hat dêrby sketten.
Koarte tiid letter rekke de auto by it Drachtsterplein yn Ljouwert fan de dyk. De ynsitters binne swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs.
Fanwege it sjitten docht de Ryksresjerzje ûndersyk. Dit is fêste proseduere, seit de plysjewurdfierder.