Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters dogge oan klantebining en blaze MVV fan it fjild

Cambuur sjoernaal
Cambuur sjoernaal © Omrop Fryslân
Cambuur spile freedtejûn in bysûndere wedstriid tsjin MVV Maastricht. Binnen 11 minuten stienen de Ljouwerters mei 3-0 foar en siet de wedstriid al yn de knip. It duel einige yn 5-2.
As Cambuur wat skerper west hie, dan hie it foar it skoft wol 6-0 wêze kinnen. No bleau it ta it skoft 3-0. MVV kaam yn de twadde helte better foar it ljocht. De Limboargers krigen mar leafst alve hoekskoppen, mar it wie Cambuur dat mei in pear messkerpe counters de stân op 5-0 brocht.
Dat MVV dêrnei noch twa goals wist te meitsjen wie sneu foar keeper Yanick van Osch, mar de winst kaam net yn gefaar.
Alles oer de spektakulêre wedstriid Cambuur-MVV Maastrich yn it Cambuur Sjoernaal: