Grutte winst tsjin MVV stelt Cambuur tefreden: "We ha dit knap dien"

Michael Breij
Michael Breij © Dijks Media
Trainer Henk de Jong fan sc Cambuur hat freedtejûn in moaie wedstriid tsjin MVV Maastricht sjoen, seit er. "Ik ha aardige dingen sjoen. It kin op in gegeven momint ek 6 of 7-0 stean, mar sy binne in goed fuotbaljende ploech. Se ha noait fiif goals tsjin, we ha dit knap dien."
Al binnen alve minuten stie it 3-0 foar de Ljouwerters. It trainingskamp hat fertuten dien foar Cambuur, seit De Jong. "Ik ha tsjin de jonges sein: we moatte it trainingskamp fersulverje. En dêr ha we miskien wol in heal jier profyt fan, oant de ein fan it seizoen, ast dit dochst.
Yn de twadde helte pakte MVV it inisjatyf werom. "Dêr hiene we it bêst even lestich mei", jout De Jong ta. Neffens de trainer krige de tsjinstanner eins wat te folle kânsen om te sjitten. "Mar wy kinne wol kounterje. Wy steane samar by de tsjinstanner foar de goal. Wy kinne wol ynsakje, mar dêr is neat oan. Wy wolle foarút."
Henk de Jong seach in moaie wedstriid tsjin MVV
Michael Breij hat hearlik fuotballe, seit er. Syn hoekskop sette de stân yn de 11e minút op 3-0. It doelpunt kaam lykwols op namme te stean fan MVV-keeper Matthys, dy't de bal noch krekt oanrekke. "Dat moeten ze even veranderen", laket Breij.
"We hadden voor de wedstrijd gezegd: we moeten scherp beginnen, dan ligt hij al heel snel in het mandje. We gingen maar door. Een heerlijke pot, maar een kritische noot zijn de twee goals tegen."
Yn de lêste faze fan de wedstriid makke MVV dochs noch twa goals, nei't Breij net folle earder de 5-0 op it skoareboerd sette. Neffens Breij waarden de Ljouwerters wat makliker, doe't se foar stienen. "Dat is niet bewust, absoluut niet. Het was niet top, dus daar moeten we wel wat mee doen."
Michael Breij tocht dat er twa goals makke hie
Twa fan de fiif goals foar Cambuur kamen fan Roberts Uldrikis. Hy skoarde se yn minder as fiif minuten en dat hat er noch nea earder dien. It wie tige rap en in moai begjin fan it nije jier en de twadde helte fan it seizoen, seit er.
De twa lette goals fan MVV wiene net nedich, fynt er. Hy tinkt dat de konsintraasje by Cambuur wat minder waard en der wat lytse flaters yn it spul kamen. Dêrtroch koe Cambuurkeeper Yanick van Osch op it lêst de nul net mear hâlde.
"Hy hat ús faak rêden en wy hiene him helpe moatten", seit Uldrikis.
Roberts Uldrikis bliid mei goed begjin foar Cambuur