Plysje sjit op twa ynbrekkers út Ljouwert by wylde efterfolging

flechtauto ynbraak Himpens Ljouwert
De flechtauto rekke fan de dyk by it Drachtsterplein yn Ljouwert © CAMJO media
By in efterfolging troch de plysje binne yn Ljouwert twa fertochten fan in ynbraak swier ferwûne rekke. De flechtauto dêr't se yn sieten, rekke by it Drachtsterplein fan de dyk en kaam op 'e kop telâne neist it fytspaad ûnderoan it talúd.
De ynbraak wie oan de Reintje Visser-Beardastrjitte yn Himpens flakby Ljouwert. Dêrby soe in slachtoffer bedrige wêze mei in wapen, fertelt plysjewurdfierder Matthijs van Houten. Hjirby rekke net ien ferwûne.

Plysje sjit by efterfolging

De plysje krige om 01.15 oere hinne melding fan de ynbraak. Letter seach de plysje yn de omjouwing in fertochte auto. "Agenten hebben het voertuig staande gehouden, maar op een gegeven moment ging de auto ervandoor", seit Van Houten. De plysje sette de efterfolging yn en hat dêrby sketten.
Koarte tiid letter rekke de auto by it Drachtsterplein yn Ljouwert fan de dyk. De ynsitters binne swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs. It giet om twa manlju fan 33 en 34 jier út Ljouwert. Sy binne beiden oanhâlden.
Plysje sjit op ynbrekkers by wylde efterfolging yn Ljouwert
Der wurdt ûndersyk dien nei de ynbraak en de dêrop folgjende efterfolging. Ek wurdt ondersocht hoe't de ynsitters krekt ferwûne rekke binne.
It is net dúdlik oft dit troch it ûngelok kaam of omdat plysjes by de efterfolging sketten ha. Fanwege it sjitten docht de Ryksresjerzje ûndersyk. Dit is fêste proseduere, leit de plysjewurdfierder út.

Dyk wer iepen foar ferkear

Ferkear kin wer fia de Drachtsterweg Ljouwert yn of út. Earder op de moarn wie de dyk yn beide rjochtingen ôfsletten foar it ferkear.
De fytstunnel by it Drachtsterplein yn Ljouwert is ôfset mei in plysjeskerm
De fytstunnel by it Drachtsterplein yn Ljouwert is ôfset mei in plysjeskerm © AS Media