Cambuur begjint 2024 mei oertsjûgjende winst tsjin MVV

Cambuur fiert in goal
Spilers fan Cambuur fiere in goal © DijksMedia
Cambuur hat de kompetysjewedstriid tsjin MVV Maastricht ienfâldich wûn. Yn Ljouwert waard it 5-2 foar de ploech fan trainer Henk de Jong.
Cambuur begûn poerbêst oan de wedstriid. Al nei twa minuten kamen de Ljouwerters op 1-0 foarsprong. Roberts Uldrikis kaam goed foar syn tsjinstanner en tikke de bal binnen nei in foarset fan Remco Balk.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Bergsma, Van Mullem, Schaapman; Van Kaam, Breij, De Jong; Balk, Uldrikis en Smit.
Nei fiif minuten waard it al 2-0 foar de Ljouwerters. Michael Breij joech in frije traap, MVV-doelman Romain Matthys kaam fier út syn goal en Uldrikis koe de bal dêrom sa yn de goal koppe. De spits makke sa al rap syn twadde fan de wedstriid.

Cambuur dominearret

Nei goed tsien minuten waard it sels al 3-0 foar Cambuur. Breij skeat in hoekskop yn ien kear yn de goal. MVV-doelman Romain Matthys siet folslein mis. Dêrtroch bedarre de bal yn de goal. It doelpunt kaam op namme te stean fan de keeper dy't de bal wol krekt oanrekke.
Matthys hie inkelde minuten letter wol in reaksje op in skot fan Breij. De middenfjilder helle hurd út, mar de fûsten fan de doelman brochten rêding foar de Limboargers. Balk, Breij, Uldrikis en Marco Tol kreëarren noch ferskate kânsen. Mar foar it skoft waard der net nochris skoart.
Uldrikis skoart Cambuur - MVV
Uldrikis skoarde de earste twa goals foar Cambuur © DijksMedia
MVV begûn de twadde helte mei twa nije spilers en gong fuortendalik nei it skoft yn de oanfal. It resultearre al gau yn kânsen foar de Limboargers. In skot fan Bryan Smeets waard pakt troch Cambuur-doelman Yannick van Osch, wylst ek Dailon Livramento, Mart Remans en Bryant Nieling harren skotten net foarby de keeper krigen.
Wylst de besikers út Limboarch in soad kânsen krigen yn it begjin fan de twadde helte, wie it Cambuur dat skoarde. Nei in flugge counter skeat Fedde de Jong de bal yn it goal.

Doelpunterein

Nei de fjirde goal naam Cambuur it inisjatyf yn de wedstriid wer oer. It resultearre sels yn de 5-0. Marcel Schaapman joech in foarset en Michael Breij tikke de bal fan sa'n fiif meter ôf ienfâldich binnen.
Michael Breij is bliid nei syn goal
Michael Breij is bliid nei syn goal © DijksMedia
De besikers út Maastricht wisten oan de ein fan de wedstriid ek noch te skoaren. Livramento skeat de bal troch de skonken fan Van Osch en makke dêrmei de 5-1. Inkelde minuten letter makke dyselde Livramento sels ek de 5-2. Hy kopte de bal binnen út in hoekskop wei.
Ynfaller Youns El Hilali krige noch in grutte kâns. Syn skot bedarre op de latte. Der waard dêrnei net mear skoard yn Ljouwert. Cambuur wûn mei 5-2.