Liveblog | 14 jannewaris

Nederlânske titel foar Leonie Bentveld | Shorttrackers Europeesk kampioen

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 14 jannewaris, 22:21
snein 14 jannewaris
22:21

IIshockeyers Flyers winne

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn maklik wûn fan Diez-Limburg. It waard 1-5 foar de Feansters.
De Flyers kamen al yn de earste perioade op efterstân troch in goal fan Artur Karpenko. Troch goals fan Kevin Bruijsten en Jesse Barwell waard dy efterstân noch yn de earste perioade ombûgd.
Troch goals fan wer Bruijsten, Henri Ruotsalainen en Mike Collard waard it úteinlik in ienfâldige oerwinning foar de Flyers.
18:01

Fjildrydster Bentveld fielde de druk: "Bliid dat it slagge is"

De 19-jierrige Leonie Bentveld waard yn Hoogeveen Nederlânsk kampioen fjildriden
Leonie Bentveld waard snein Nederlânsk kampioen by de beloften. Ek ferline jier waard de 19-jierrige Burgumse kampioen yn dizze kategory.
"Elkenien ferwachtet fan dy dast wer kampioen wurdst, dus ik bin hiel bliid dat it slagge is", sa sei Bentveld nei ôfrin.
16:24

Nederlân, mei Itzhak de Laat, Europeesk kampioen op EK shorttrack

Op it EK shorttrack yn it Poalske Gdansk ha de Nederlânske manlju, mei dêrby Ljouwerter Itzhak de Laat, de Europeeske titel op de relay pakt. It sulver gie nei België, brûns wie der foar Poalen.
Mei noch sa'n tweintich rondes te gean pakte Nederlân de kopposysje. In oanfal fan Poalen waard ôfslein, en mei noch twa rondes te gean hie De Laat in grutte foarsprong. Dochs kaam België op de streek noch hast foarby oan Nederlân.
14:51

Fjildrydster Leonie Bentveld pakt titel yn Hoogeveen

Leonie Bentveld
Leonie Bentveld © Orange Pictures
By it NK fjildriden yn it Drintske Hoogeveen hat Leonie Bentveld har titel by de beloften prolongearre. De 19-jierrige hurdfytser út Burgum wie ek ferline jier de beste yn de kategory oant 23 jier.
De beloften diene yn Hoogeveen mei yn de wedstriid fan de senioaren. Dêryn waard Bentveld knap sechsde. De titel gie nei Lucinda Brand.
sneon 13 jannewaris
22:23

Teloarstellende rentree Nyck de Vries yn Formule E

orange
Nyck de Vries op it sirkwy yn Meksiko-Stêd © Orange Pictures
De rentree fan autokoereur Nyck de Vries yn de Formule E is teloarstellend ferrûn. Nei in minne kwalifikaasje einige de 28-jierrige Fries yn de earste race fan it wrâldkampioenskip fan de elektryske raceweinen yn Meksiko-Stêd op it fyftjinde plak.
De Vries kearde dit seizoen nei in mislearre aventoer yn de Formule 1 werom yn de klasse wêryn't er yn 2021 de wrâldtitel ferovere. In goede útslach yn de earste race like lykwols by foarrie útsletten foar de koereur fan Mahindra Racing, nei't er de kwalifikaasje as 22e en lêste beëinige hie.
De Vries passearre noch in tal auto's, mar moast úteinlik tefreden wêze mei it fyftjinde plak. De Dútser Pascal Wehrlein, dy't fan pole starte, kaam yn syn TAG Heuer Porsche as earste oer de streek.
21:28

LDODK ferliest thús fan PKC

Foar de twadde kear op rige ha de kuorballers fan LDODK in duel ferlern yn de Korfbal Leauge. De ploech út De Gordyk wûn de earste seis wedstriden fan it seizoen, mar nei it ferlies tsjin KZ ferline wike wie no PKC mei 22-24 te sterk.
De thúsploech begûn noch wol goed en stie samar op 4-0. Dêrnei kaam PKC better yn de wedstriid en by it skoft wie de foarsprong in efterstân wurden (10-12).
Nei it skoft rûnen de besikers fierder út (14-20). LDODK kaam tsjin de ein fan it duel noch hiel tichteby, mar winst siet der net mear yn.
Mei it resultaat komt PKC op likense hichte: beide ploegen ha no 12 punten út acht wedstriden.