Gabriëlle van Tilborg útroppen ta Fokker fan it Jier: "Het is heel onwerkelijk"

Gabriëlle van Tilborg is útroppen ta Fokker fan it Jier
Gabriëlle van Tilborg is útroppen ta Fokker fan it Jier © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Op de Hynstekeuring fan it KFPS yn Ljouwert is Gabriëlle van Tilborg útroppen ta Fokker fan it Jier. Van Tilborg is eigener fan Stal Dulve yn Wijk en Aalburg.
Neffens de sjuery hat se har fokkerij út witte te bouwen ta in ymponearjende list mei sterke merjes en opfallende hynsten en liket it noch mar in kwestje fan tiid te wêzen foardat ien fan har fokte hynsten stamboekhynst wurdt.
De titel kaam foar Van Tilborg as in folsleine ferrassing. "Bizar! Ik zit lekker op de tribune een beetje te chillen. We hadden net Bossche bollen gegeten, want ik ben jarig. Ik zei: ik ga er niet naartoe, want ik sta hartstikke voor schut."
Gabriëlle van Tilborg hie net ferwachte dat se Fokker fan it Jier wurde soe
Se is eins mar in lytse fokker dy't in grut resultaat delset hat it ôfrûne jier, mei ûnder oare fiif Stjermerjes en twa Kroanmerjes. Tongersdei waard ien fan Gabriëlle har jonge hynsten noch kampioen by de Talent Cup.
"Het is nog heel onwerkelijk. Ik heb maar vier fokmerries en nu ben je Fokker van het Jaar. Met een heel kleinschalige fokkerij is dit heel bijzonder."
De titel Fokker fan it Jier wurdt bepaald mei help fan in ûnôfhinklik puntesysteem foar Stjer, Kroan en Modelmerjes. Ek de oanlistesten en goedkarring fan eigenfokte hynsten telle mei.
Hjoed is de lêste dei fan de Hynstekeuring. It spektakel is live te folgjen. Jûn om 19.30 en 22.30 oere stjoert Omrop Fryslân noch de jubileumshow út. Sjoch hjir foar it folsleine útstjoerprogramma en de livestreams.