Soepboer wol steviger plak foar Frysk op mbû: "Ek wichtich yn de soarch en de bou"

Aant Jelle Soepboer
Aant Jelle Soepboer © Omrop Fryslân
It advys fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) oer in selsstannige universitêre stúdzje Frysk, mei in fulltime heechlearaar giet NSC-politikus Aant Jelle Soepboer net fier genôch. Hy pleitet foar in praktoraat op it mbû.
Dêr't je op de universiteit in heechlearaar hawwe en op it hbû in lektor, hawwe je op it mbû in praktor. "Dat is immen dy't him der echt oer bûge kin", ferdúdliket Soepboer.
"Immen dy't der les yn jaan kin en dy't der ek foar soarget dat it Frysk op it mbû in wêzentlik ûnderdiel wurdt. Sadat ek minsken dy't ûnderwiisassistint wurde, yn de soarch telâne komme of de bou yngean der yn de praktyk wat mei kinne."
Aant Jelle Soepboer pleitet foar in praktoraat Frysk op it mbû
It Frysk is foar it NSC-Keamerlid ien fan de wichtige tema's dy't hy yn Den Haag by de kop hawwe wol. Fierder is hy de wurdfierder ûnderwiis foar de partij fan Pieter Omtzigt.
We hawwe de ôfrûne desennia it ûnderwiis fersmiten mei elkoar.  
Aant Jelle Soepboer
Tiisdei sil Soepboer syn 'maiden speech' hâlde yn de Twadde Keamer. Hy ferklapt alfêst dat hy in stikje fan de taspraak yn it Frysk dwaan sil. "Mar as sprekker fan in minderheidstaal hawwe je altyd in ôfwaging te meitsjen. Ien dêrfan is: is myn boadskip dúdlik te ferstean? Folslein Frysk sil hy dan ek net wêze."
Njonken it Frysk sil Soepboer syn earste Keamertaspraak gean oer de steat fan it ûnderwiis. "It dosintetekoart, de PISA-útslach dy't seit dat learlingen hieltyd minder lêze en rekkenje; allegear soarchlike saken. We hawwe de ôfrûne desennia it ûnderwiis fersmiten mei elkoar."

Formaasje

In nij regear is der op dit stuit noch net. Omtzigt syn partij NSC sit wol oan de ûnderhannelingstafels mei PVV, VVD en BBB. "We sitte noch middenyn de ynformaasjefaze", stelt Soepboer.
Aant Jelle Soepboer oer de status fan de formaasje
"We sille trije stadia trochrinne", leit Soepboer út. "Earst prate we oer de grûnwet, de demokratyske rjochtssteat, en dat is perfoarst net in ûnderhanneling."
"Dêrnei sjogge we op hokker grutte tema's we elkoar fine kinne en ta eintsjebeslút: hokker foarm soe in mooglike regearing krije kinne?"
It cv fan Aant Jelle Soepboer
It cv fan Aant Jelle Soepboer © Omrop Fryslân
Soepboer wit net oft de partijen derút komme. Hy wurdt ek mar in bytsje ynformearre, seit er. "Wy sitte op in noflike en goede ôfstân, dêr't wy noflike petearen ha kinne as fraksje, mar ik sit sels net oan tafel."

Lippen op elkoar

Oer de status fan it proses hâldt Soepboer de lippen stiif op elkoar. "Wy hawwe mei elkoar ôfpraat dat we in soarchfâldich proses trochrinne. En as je dan yn it foar dêroer nei bûten komme en der fan alles oer roppe, dan tink ik dat it net befoarderlik is foar wat we dogge."
Aant Jelle Soepboer wol neat oer de formaasje sizze
NSC is in partij dy't transparânsje heech yn it findel seit te hawwen. Is it dan net nuver dat de bûtenwacht net op de hichte holden wurdt fan de status fan de formaasjepetearen? "It is hiel noflik dat je iepen efter doarren prate kinne en dat net de folsleine parse of de folsleine befolking dêr mei de noas op stiet", seit Soepboer.
"Transparânsje komt der wis. Minsken kinne derfan útgean dat alles op it goede momint nei bûten komme sil, dan binne der ek gjin geheimen. Allinnich tink ik dat minsken ek betrouwen hawwe moatte yn it proses dêr nei ta."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema gewoanwei alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear is Andries Bakker der lykwols net by om't er siik is. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Aant Jelle Soepboer.
De foarige kear hat it foarmjen fan in regear hiel lang duorre. Dat wolle alle partijen dizze kear foarkomme. "We hawwe in ferkenner oansteld dy't ek formateur wurden is. It is foar eltsenien dúdlik wat de spulregels binne. Wy hâlde ús sa goed as mooglik oan de spulregels. It minste wat we dwaan kinne, is sizze: haw geduld", stelt Soepboer.
"Jou partijen ek de romte om elkoar efkes de lever te priuwen en te sjen oft der wol of net wat yn sit", slút hy ôf.
De cartoon fan Gerco van Beek oer Aant Jelle Soepboer
De cartoon fan Gerco van Beek oer Aant Jelle Soepboer © Omrop Fryslân