Thom Haye wol fuort by Hearrenfean: "Als de clubs eruit komen speel ik straks in Italië"

orage
Thom Haye © Orange Pictures
Middenfjilder Thom Haye fan sc Hearrenfean wol graach de oerstap meitsje nei it Italiaanske Como, dat útkomt yn de Searje B. It liket in reële opsje.
Haye is dúdlik as we him freegje nei syn takomst: "Como is heel concreet en het is nu aan Heerenveen om te beslissen. Als de clubs eruit komen speel ik straks in Italië."
Thom Haye oer de ynteresse fan Como
It kontrakt fan Haye rint oant de ein fan dit seizoen ôf. Allinnich as Hearrenfean him no ferkeapet smyt dat dus noch wat jild op. Como, mei de Spaanske Cesc Fabrégas as trainer, moat sa'n 1 miljoen euro betelje foar de middenfjilder.
Twa jier lyn hat Hearrenfean sa'n 6 ton betelle foar Haye oan NAC Breda. Haye spile yn totaal 68 wedstriden foar Hearrenfean. Dêryn makke hy 5 doelpunten en wie er goed foar 10 assists.
"Ik ben naar Heerenveen gekomen met de ambitie om daarna weer een stap te gaan maken. Als de voorwaarden goed zijn, wil ik er voor gaan", seit Haye.

Betingsten

Technysk direkteur Ferry de Haan wol wol meiwurkje oan in transfer fan Haye, mar allinne as der oan bepaalde betingsten foldien wurdt. "En die zijn niet alleen financieel. We moeten wel een adequate vervanger kunnen halen", seit De Haan.
Ferry de Haan oer de transfers fan Hearrenfean
Hearrenfean hopet dizze winter op de komst fan fleugeloanfaller Emil Konradsen Ceide. De spiler fan Sassuolo moat op hierbasis nei it Abe Lenstra stadion komme.
"Wat ons betreft is de belangstelling zeer concreet", seit De Haan. "Zijn komst staat ook los van het feit of we Saharoui nog verkopen. Het is nu aan Sassuolo of we hem kunnen huren."
Hearrenfean spilet sneontejûn tsjin PEC Zwolle. De wedstriid begjint om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
It Japanske Kyoto Sanga hat ynteresse yn Sven van Beek, al sûnt begjin desimber. Van Beek hat witte litten dat hy iepen stiet foar in bûtenlânsk aventoer, mar Hearrenfean hat de lêste wiken neat mear heard út Japan wei.
It kontrakt fan de 29-jierrige Van Beek rint nei dit seizoen noch ien jier troch. De Haan soe graach sjen dat Van Beek noch efkes by de Friezen bliuwt: "We zitten niet te wachten op een vertrek van onze sterkhouder en aanvoerder, maar zeg nooit nooit."
Boppedat soe it Frânske Lille ynteresse hawwe foar Osame Sahraoui, mar neffens De Haan hat der nea kontakt west. "Ik hoef nergens op te reageren, want er ligt geen enkel bod", seit De Haan.