Nicolaescu ûntbrekt by sc Hearrenfean tsjin PEC Zwolle

Ion Nicolaescu yn aksje foar sc Hearrenfean
Ion Nicolaescu yn aksje foar sc Hearrenfean © Orange Pictures
Hearrenfean reizget sneon mei in sa goed as fitte seleksje ôf nei Zwolle foar de útwedstriid tsjin PEC. Allinnich Ion Nicolaescu is der fanwegen in blessuere oan syn búk net by.
Efter de nammen fan Luuk Brouwers, Osame Sahraoui en Oliver Braude stienen lytse fraachtekens. Tidens it trainingskamp yn it Limboarchske Tegelen rekken de earste twa blessearre, wylst Braude siik waard. Kees van Wonderen giet der dochs fanút dat se alle trije ynsetber binne tsjin PEC Zwolle.
Kees van Wonderen
It kontrakt fan Kees van Wonderen rint nei dit seizoen ôf. De trainer tekene eartiids foar twa jier by de Friezen. Dêroer stie in petear mei Ferry de Haan op 'e aginda yn jannewaris, mar dat hat noch net plakhân.
Hearrenfean spilet sneontejûn tsjin PEC Zwolle. De wedstriid begjint om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
"Ik heb hier nog altijd een mooie uitdaging bij een mooie club", seit Van Wonderen. "Er is ook nog genoeg te doen, maar er zijn meer aspecten die belangrijk zijn om de beslissing te maken om eventueel door te gaan."

'Eerst januari doorkomen'

Van Wonderen: "We hebben geen haast, laten we eerst januari maar even doorkomen met alle transfers die eraan komen en een aantal belangrijke wedstrijden. Voordat we over volgend jaar gaan praten."
Hearrenfean ferlear de lêste trije wedstriden foar de winterstop. Dat barde tsjin PSV (2-0), Volendam (1-2) en foar de beker tsjin Vitesse (1-0).
PEC Zwolle, de ploech fan âld-Hearrenfeantrainer Johnny Jansen, docht it ferrassend goed. De promovendus hat mar ien punt minder as Hearrenfean en stiet op it 11e plak.