Ald-plysjeman skriuwt saken fan him ôf yn boek nei PTSS: "Ik koe it earst net ferwurkje"

Hessel Koopmans
Hessel Koopmans © Omrop Fryslân
Efterfolgingen, rêdingen of bysûndere fynsten; Hessel Koopmans hat yn syn 43-jierrige karriêre as plysjeman in hiel soad meimakke. Hy skreau it allegear op, om fan syn posttraumatische stressstoornis ôf te kommen.
As jong broekje begûn er yn 1979 as plysjeman yn Frjentsjer. "Dy tiid wie hiel oars", fertelt Koopmans. "Sels op myn leeftiid hiene minsken ûntsach foar my."
Hy blêdet yn syn wenkeamer troch it boek dêr't er as pensjonado mei debutearret. Ferhalen oer dy tiid komme los. Hoe't se yn in Fiat 127 rieden, dat se allinnich mei de portofoan yn de auto kommunisearje koene mei de meldkeamer, en dat der noch gjin omstanners mei mobyltsjes wiene dy't alles filmen.
Ald-plysjeman skriuwt saken fan him ôf
Mar ek heftige oantinkens steane yn it boek. Oer in man dy't oan de telefoan mei de meldkeamer drige himsels tekoart te dwaan as it muzykje ôfrûn wie. Hoe't Koopmans as in gek yn syn Fiat dêrhinne moast en him krekt fan de dea rêde koe.

'Waar blééf je nou?'

"Of in oare kear. Doe't wy in melding krigen fan in buertbewenner dy't al even net mear sjoen wie op de buert", giet er troch. "In frou fan 75 jier. Ik ferwachte dat se ferstoarn wie en dat se yn har hûs lei."
De auto wêryn't Koopmans yn syn begjintiid ried
De auto wêryn't Koopmans yn syn begjintiid ried © Omrop Fryslân
"Dus mei in ljedder klom ik troch it boppeste rút hinne, de sliepkeamer yn. It stonk dêr allemachtichst. Ik glied oer de finsterbank op de grûn en seach rjocht yn it gesicht fan de bewenster. Dy sei: jonge, wêr bleaust no?"
"Dat komt even binnen, dan skrikst allemachtich en dan moatst hannelje. It die bliken dat se al twa dagen ûnderkuolle en mei in brutsen heup op de grûn lei. Wy wiene krekt op tiid. Dat binne wol ferhalen dy't der foar my útspringe."
It is in foarm fan op 'e nij belibje, ferwurkje en dat helpt seker.
Hessel Koopmans, âld-plysjeman
Koopmans hat de titel fan it boek dêrom nei dit ferhaal neamd: 'Waar blééf je nou?'

PTSS

Nei syn tiid yn Frjentsjer gie Koopmans by de forinsyske opspoaringstsjinst oan it wurk. Dêr kaam er noch folle mear heftige saken tsjin as yn syn tiid yn Frjentsjer. "En ik wie altyd allinnich, dat gie doe sa. Ik moast op in gegeven stuit fan de ien nei de oare saak mei in deade. Dêrtroch koe ik it net goed ferwurkje."
Hy sliepte der net mear fan. "It wie in filmke dat yn bêd yn myn holle ôfspile. Dat filmke waard hieltyd langer." Troch it slieptekoart krige er in koart lontsje. Syn frou riede him oan om dochs ris nei de bedriuwsdokter te stappen. "Want dat moatst sels dwaan, der wie net ien dy't nei dy ta kaam en ris frege hoe't it gie."
It boek fan Hessel Koopmans yn de boekwinkel fan Grou
It boek fan Hessel Koopmans yn de boekwinkel fan Grou © Omrop Fryslân
Yn 2018 waard Koopmans diagnostisearre mei posttraumatische stressstoornis. Hy kaam by de De Bond van Nederlandse Militaire Oorlogs- en Dienstslachtoffers (BNMO) terjochte en yn it programma: 'Schrijf je verhaal'.

Talint

It die bliken dat er talint hie. "Ik tocht eartiids al: ik kin wol in boek skriuwe oer wat ik allegear meimakke haw. No, dat haw ik dien. It is in foarm fan op 'e nij belibje, ferwurkje en dat helpt seker."
Hessel Koopmans (boppe) yn syn tiid by de plysje fan Frjentsjer
Hessel Koopmans (boppe) yn syn tiid by de plysje fan Frjentsjer © Omrop Fryslân
Sa no en dan wurket er as gastsprekker op de plysje-akademy yn Drachten, om de studinten te warskôgjen foar PTSS. "Ik fertel se dat it swier wurk is, en wêr't se om tinke moatte sadat se it sels net krije."

Forinsyske opspoaring

Nei alle gedachten komt syn folgjende boek oer de 30 jier by de forinsyske opspoaringstsjinst dit jier noch út. "Dêr haw ik safolle meimakke, ik stean eins nearne mear fan te sjen." Hoelang't er dêr krekt mei dwaande is, doart er net te sizzen: "Guon ferhalen haw ik yn in oere op papier. Oaren duorje fiif dagen."
Nettsjinsteande de stresssteuring dy't er troch it wurk oprûn hat, hat er gjin spyt fan syn karriêre by de plysje. "Ik soe it sa wer dwaan.Ik sei altyd, ik ha it moaiste wurk hjir by de plysje."