MCL begjint ûndersyk nei nierfalen by sikehûspasjinten

Dialyze nieren
In man hat dialyze nedich foar syn nieren © ANP
It Ljouwerter sikehûs MCL begjint in proef om akute nierskea by pasjinten betiid te herkennen. In soad pasjinten yn it sikehûs krije nierfalen, wat ta skea oan de nieren liede kea.
Nierfalen is in bywurking dy't in soad foarkomt by pasjinten yn it sikehûs, seit ynternist Aaltje Adema. Op jierbasis giet it yn Nederlân om tsientûzenen minsken. Fertaal dat nei Fryslân, dan giet it al om sa'n tûzen pasjinten, seit Adema.
As it misgiet, is help fuortendaliks nedich. As dy help gau komt, kin mooglik noch foarkommen wurde dat de nieren útfalle.
Aaltje Adema, ynternist MCL
Aaltje Adema, ûndersiker en ynternist yn it MCL © Omrop Fryslân
Neffens Adema is der no te min omtinken foar. "Dokters wurde net automatysk alarmearre as de nierfunksje minder wurdt. Dêrtroch kin it maklik mist wurde."

Net byhâlden

Net fan eltse pasjint wurdt byhâlden hoe't it giet mei de nierfunksje. Dêrom kin it mist wurde, seit Adema. "It binne faak pasjinten dy't al hiel slim siik binne, dus minsken dy't binnenkomme mei in slimme ynfeksje. Ek minsken mei sûkersykte of hertfalen rinne in heger risiko."
By nierfalen kinne de nieren de ôffalstoffen net mear ferwurkje. Ek slagget it dan net mear om de fochthúshâlding op oarder te hâlden.
Minsken mei nierfalen binne oanwiisd op dialyze. In masine nimt dan de funksje fan de nieren om bloed te suverjen oer.
It digitale pasjintedossier moat help biede. Dêr komt in alarm yn te stean wannear't it risiko heech is. As út bloedûndersyk bliken docht dat it misgiet, krije dokters fuort in alarm. "Dan krije se de melding dat de behanneling oanpast wurde moat", seit Adema.
Dat bart ek as de pasjint medisinen foarskreaun krijt dy't de nieren beskeadigje kinne. De apoteker nimt dan kontakt op mei de arts en sa wurdt besjoen oft de behanneling oanpast wurde kin.
Rik Bakker, apoteker fan sikehûs MCL yn Ljouwert
Rik Bakker, apoteker yn it MCL © Omrop Fryslân
Rik Bakker is apoteker. Hy regelet dat it alarm ôfgiet. "Wij krijgen iedere dag een patiëntlijst. Daarop staan de mensen met afwijkende bloedwaarden, patiënten die nierschade hebben."
Yn sokke gefallen nimt Bakker kontakt op mei de dokter om te sjen oft de behanneling oanpast wurde kin. "We gaan dan onderzoeken of die medicijnen echt noodzakelijk zijn, of dat er een alternatief is."

Soarchdilemma

Dat is der somtiden net en dat betsjut in dilemma: "Die mensen gebruiken hun medicijnen niet voor niets. Daarom kijken we goed naar het gebruik en of er echt geen alternatief is."
Dat lêste komt foar, seit Aaltje Adema. "Dan nimme we it mei nei de pasjint en besykje we dy yn it beslút mei te nimmen."

Proef

It giet foarearst om in proef. It doel is om út te finen hoe't de kwaliteit fan de soarch rûnom de nierproblemen ferbettere wurde. Benammen as it foar te kommen is.
Adema: "Wy wolle dan ta nei in systeem wêryn't we pasjinten mei in heech risiko identifisearje foardat de akute nierskea ûntstiet. As we dat kinne, dan kinne we dy minsken yn it foar al yn it systeem sette. Dan kin we se in 'label' jaan en de dokter yn it foar advisearje hoe dêrmei om te gean. Sa kin we nierskea foarkomme."
Sikehûs MCL docht dat yn oparbeidzjen mei it Meander Medysk sintrum yn Amersfoort, it UMC Utrecht en de sikehûsgroep Twente. De nierstichting betellet mei.