Nije koepelorganisaasje moat boeren, boargers en natuer yn Fryslân ferbine

De boeren plantsje in beam
De boeren plantsje in beam © Omrop Fryslân
Boeren en boargers entûsjast krije foar natuerfreonlik buorkjen. Mei dat doel is de nije stifting BoerenNatuur yn Fryslân oprjochte.
"Tink wol om de sompige greide, hear!" Albert van der Ploeg is foarsitter fan BoerenNatuur. Mei in pet op en blauwe sjaal om rint er in greide yn Warten yn. Hy hat in beam yn 'e hân en mei in groepke boeren rint er rjochting de kant fan de sleat, wêr't se de beamkes plantsje.
"It is it offisjele nije begjin fan de stifting en dêr binne wy hiel grutsk op."
Albert van der Ploeg
Albert van der Ploeg © Omrop Fryslân
Nei in pear slaggen yn de grûn mei de skeppe stiet de beam te plak. Neffens Van Der Ploeg is it plantsje in foarbyld foar de nije stifting.
"Wy wolle de boeren meinimme yn watfoar dingen sy dwaan kinne mei de natuer. Dat se inoar net tsjinwurkje, mar just fersterkje kinne. Tink bygelyks oan de kunde oer it boaiemlibben: in sûne boaiem troch bioferskaat is foar de boer ek wichtich, want dy kin der dan langer op buorkje."

Wetterstriid

Dêrnjonken sjocht Van Der Ploeg de striid tsjin it wetter as grut foarbyld. "Alle boeren ha dermei te krijen, mar hoe geane je der no mei om? Dat is wêr't wy mei oan de gong wolle."
Wy hiene altyd oerlis ûnderling, mar wiene dochs wat los fan inoar..
Albert van der Ploeg fertelt wêrom't der in koepel komt
Yn Fryslân binne der no al saneamde 'kollektiven' dêr't boeren by oansletten binne. BoerenNatuur stiet der as in koepel boppe, mar wol ek de sân kollektiven better operearje litte.
Der binne sa'n 2000 agraryske bedriuwen oansletten. "Wy hiene altyd oerlis ûnderling, mar wiene dochs wat los fan inoar. Wy misten it stikje fan it nei bûten bringen fan ús ferhaal: wat dogge wy no krekt en hoe sjogge boargers dêr tsjinoan? Dat is wêr't wy no mei oan de gong wolle."

Wêr moat it jild wei komme?

Mar der is in soad jild foar nedich en dus begjint de lobby al in Warten. Deputearre Femke Wiersma is útnûge op de ôftraap fan de stifting. Yn de seal sprekt sy de klups ta, mei bemoedigjende wurden.
Mar ek Wiersma sjocht dat it dreech is om jild binnen te heljen. "Wy stypje as provinsje fansels alle foarmen fan lânbou, mar wy witte op dit stuit net hoefolle oft jild der te heljen is by it Ryk. De formaasje is yn folle gong en dus is it dreech te sizzen wêr't wy as Fryslân op rekkenje moatte."

100 miljoen oan fjoerwurk

Foar Van Der Ploeg is dat gjin motivaasje minder. Hy wol de kommende jierren safolle as mooglik jild binnen helje. "Der is mei âld en nij foar 100 miljoen oan fjoerwurk de loft yn sketten. Dat is ûngefear ek beskikber foar lânskipsbehear. No, dat kin dochs wol folle mear?"