Man (27) omkaam by ûngelok yn Drachtsterkompenije

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok
De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © SRFotografie
By in iensidich ûngelok oan de Folgerster Loane yn Drachtsterkompenije is in man fan 27 jier út Drachten om it libben kaam. Dat meldt de plysje.
De man rekke rekke fannacht nei 1.00 oere troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto fan de dyk. Dêrby rekke er ferskate beammen, tsjin in beam oan de oare kant fan de dyk kaam de auto ta stilstân.
De plysje makke earst melding fan in bestjoerder dy't slim ferwûne wie, mar letter op de dei kaam it berjocht dat it slachtoffer it net oerlibbe hie.
De dyk hat nei it ûngelok in skoftke ticht west foar it ferkear.