Gemeente Harns spile gjin aktive rol by ûnteigening Joadske huzen

Harns twadde wraldoarloch
De Voorstraat yn Harns yn oarlochstiid © Kolleksje Fries Verzetsmuseum
De gemeente Harns hat yn de Twadde Wrâldoarloch gjin aktive rol spile yn it ûnteigenjen of opkeapjen fan Joadsk fêstgoed. Dat docht bliken út argyfûndersyk yn opdracht fan de gemeente, meldt Omroep Zilt.
Harns besleat ferline jier ûndersykje te litten hoe't it gemeentebestjoer yn én nei de oarloch omgien is mei Joaden en har besittingen. De oanlieding foar it ûndersyk wie in lanlike diskusje, mar ek fragen dy't yn de gemeente steld binne.
Neibesteanden dy't weromkamen fan konsintraasjekampen, of neiteam fan de famyljes, waarden oeral twongen harren huzen nei de oarloch hiel goedkeap te ferkeapjen of se krigen se net werom. Der wennen yntusken oare minsken.
Guon gemeenten, lykas Den Haag en Amsterdam, ha yn de oarlochstiid aktyf wenningen fan deportearre Joaden kocht of foardere. Dat is yn Harns dus net it gefal, komt nei foaren út it ûndersyk fan histoarika Ruby de Vries.
Undersykster Ruby de Vries wurket by it gemeente-argyf fan Súdwest-Fryslân. Earder ûndersocht se de ûnteigening fan Joadsk fêstgoed yn de eardere gemeente Snits. Ek dy gemeente spile gjin aktive rol, die bliken.
Joaden waarden yn 1941 twongen om harren partikuliere fêstgoed ôf te stean oan de Dútske besetter, fia de organisaasje Niederländische Grundstückverwaltung (NGV). Dat proses ferrûn bûten it Harnzer gemeentebestjoer om.
Yn totaal waarden 45 Joadske eigendommen ein dat jier oanmeld by de NGV.
Allinnich fjouwer pannen fan de bruorren Levie en Salomon Pais waarden, flak foardat Joaden ferplichte wienen om har hûzen ôf te stean, ferkocht oan Harke Keegstra, de direkteur fan de Gemeentegiro Amsterdam.
harns oarloch
De grientewinkel fan de famylje Pais oan de Kleine Bredeplaats yn Harns, sa'n tweintich jier foardat de oarloch útbruts © Griet de Jong / Fries Fotoarchief
De gemeente Harns hat op lêst fan de Dútske besetter ynformaasje jûn oer Joadske ynwenners, har besittingen en de ûntromming fan Joadske huzen. Undersiker De Vries seit dat it gemeentebestjoer dêr hast net ûnderút koe.
Yn 1942 waarden noch twa perselen fan Elkan Jozef Speijer ûnteigene. Dat wie net omdat it Joadsk fêstgoed wie, mar fanwegen in Britsk bombardemint by fersin op de Schritsen, in strjitte flakby de perselen fan Speijer. It hiele troffen gebiet moast nei dat bombardemint opnij ûntwikkele wurde.
Nei de oarloch wie Harns noch belutsen by ien saak oer rjochtsophelpen, oer twa oare pannen fan Speijer. Omdat dy yn tige minne steat wienen en der gjin erfgenamten yn libben fûn binne, hat de gemeente de pannen yn 1954 oernaam.

Ferhaal Joaden yn Harns libjend hâlde

Boargemaster Ina Sjerps fan Harns sei foarich jier by de oankundiging fan it ûndersyk dat it belangryk is om te witten wat de rol fan de gemeente yn de oarloch wie. "Het is een opvullen van een leemte in onze kennis."
It giet neffens har foaral om it libjend hâlden fan it ferhaal fan de Joaden yn Harns. "We hadden een heel actieve levendige Joodse gemeenschap, die hele gemeenschap is weg, vermoord. Dat is een gat in onze stad. Met dit onderzoek willen we een klein stukje van dat gat opvullen."