Jeppe 537 algemien kampioen op Fryske hynstekeuring

Jeppe 537
Jeppe 537 © Omrop Fryslân
De hynst Jeppe 537 is algemien kampioen wurden by de jierlikse keuring fan it Frysk Hynstestamboek. Jeppe 537 komt út de stâl Stoeterij Bommelsteyn fan De Jouwer.
Dat is bekendmakke op de jierlikse hynstekeuring fan it KFPS yn it WTC Expo yn Ljouwert.
Jeppe 537 is de opfolger fan Jurre 495, dy't fiif kear algemien kampioen waard op de hynstekeuring. De reservekampioen fan dit jier is Martinus 539 út de stâl fan Noteboom-Scholte.
Sa waard Jeppe 537 útroppen ta algemien kampioen fan de KFPS
De algemien kampioen wurdt alle jierren keazen út de bêste twa jonge en de bêste twa âlde hynsten.
Foar Jan van der Meulen fan de stâl Bommelsteyn is it in dream dy't útkomt. "It hat ek in bysûndere lading, want ús heit kin hjir om syn sûnens net by wêze. Dus heit, de priis komt nei dy ta!"
"Ik sei: helje de fazen mar út de kelder, want der komme blommen yn!"
"Algemien kampioen is wat je graach ris meimeitsje wolle", giet Van der Meulen fierder. "En hjoed falt alles op syn plak. Dit is mei gjin pinne te beskriuwen."
Wat Jeppe sa'n geweldige hynst makket? "We wienen fuort wei fan him. Hy hat alles mei: in moderne útstrieling, 'hoogbenig', goed boud en fantastyske bewegingen. Unyk."
It Keninklik Frysk Hynste-Stamboek (KFPS) is de offisjele stamboekorganisaasje foar it Fryske hynder, in hynderas dat bekend stiet om syn swarte kleur, krêftige bou en elegante bewegingen.
Jehannes 484 fan Age Okkema waard útroppen ta 'Frysk hynder fan it jier 2023'. Dêrmei is er de opfolger fan Nane 492.
Earder op de dei waard Gabriëlle van Tilborg útroppen ta Fokker fan it Jier. Van Tilborg is eigener fan Stal Dulve yn Wijk en Aalburg.
Hjoed wie de lêste fan trije dagen fan it evenemint yn it WTC EXPO yn Ljouwert. Alle dagen wiene der goed 10.000 minksen oanwêzich.
Sjoch hjirûnder nei de finales fan de Hynstekeuring:
Jûn om 19.30 en 22.30 oere stjoert Omrop Fryslân noch de jubileumshow ta gelegenheid fan it 145-jierrich bestean fan it KFPS út. Dy show is te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.